UNIS Flyers krijt oerwinning op Den Haag werom nei berop

De iishockeyers fan UNIS Flyers krije harren oerwinning tsjin Den Haag werom. De ploech fan It Hearrenfean wûn op 28 jannewaris it duel yn Den Haag mei 2-4, mar dat waard letter omset nei in reglemintêre nederlaach (5-0).
Spilers fan de UNIS Flyers © Margo Mulder
De Friezen soene ien of meardere spilers op it formulier hân hawwe dy't net spylgerjochtige wiene. De beropskommisje beoardiele de troch UNIS Flyers oandroegen arguminten en dokuminten en seponearre de útspraak fan de tuchtkommisje.
Troch de útspraak einiget UNIS Flyers as earste yn de kompetysje en moat it yn de heale finale fan de Final Four tsjin Zoetermeer Panters.
Dy wedstriid wurdt spile op freed 4 maart.