SC Cambuur ferlinget kontrakt fan Calvin Mac-Intosch

Ferdigener Calvin Mac-Intosch fuotballet ek takom seizoen foar SC Cambuur. De 32-jierrige Amsterdammer hat syn kontrakt yn Ljouwert ferlinge oant de simmer fan 2023.
Calvin Mac-Intosch © Omrop Fryslân
Mac-Intosch spile al 130 wedstriden foar de Fryske klup, dêr't er sân doelpunten yn makke.
De sintrale ferdigener kaam tusken 2014 en 2016 út foar Cambuur en kaam yn 2019 werom yn Ljouwert, nei't er foar ûnder oaren Almere City FC en Fortuna Sittard spile hie en foar klups yn Ingelân en Noarwegen.
"Rust, ervaring en stabiliteit. Dat heeft elk team nodig en dat is onder meer wat Calvin bij ons brengt", seit technysk manager Foeke Booy. "Met al ruim honderd wedstrijden voor SC Cambuur is het onderhand een echte clubspeler en dat is natuurlijk geen toeval. Als mens en als voetballer past hij uitstekend bij onze club en onze manier van spelen."