Grut tekoart oan bistedokters: "De wurkdruk leit heech"

Der is in grut tekoart oan bistedokters yn Fryslân. Dierenartsencentrum de Stellingwerven yn Easterwâlde hat al in jier meardere fakatueres iepen stean, mar krijt se net ynfolle. Neffens bistedokter Esther Zijlstra nimt it tekoart foaral de lêste twa jier ta.
Der is in grut tekoart oan bistedokters:
Net allinnich yn Easterwâlde binne der tekoarten. Zijlstra heart it by praktiken rûnom. "Het laatste jaar krijgen we ook echt problemen door de tekorten", fertelt Zijlstra. De praktyk wurdt twongen om mei ZZP'ers of tydlike krêften te wurkjen dy't op meardere plakken wurkje. It is net ideaal, mar op dit stuit de iennige oplossing.
De tekoarten komme foaral trochdat de krekt ôfstudearre bistedokters yn it westen fan it lân hingjen bliuwe, mar ek de oplieding fan bistedokters makket diel út fan it probleem. "Er was altijd een overschot aan dierenartsen, daarom werd je ingeloot voor de opleiding. Maar het zorgt er inmiddels voor dat er niet genoeg dierenartsen afstuderen."
Feedokter Sanne de Vries © Omrop Fryslân
Yn Fryslân is op dit stuit it grutste tekoart by bistedokters foar de lytse bisten. Neffens krekt ôfstudearre feedokter Sanne de Vries leit it deroan dat de bistedokters yn oplieding dat foar de hûnen en katten kiest foaral út de grutte stêden komt, en dy wolle ek werom nei de stêden. Dêrtroch binne op it plattelân yn Fryslân, mar ek yn Gelderlân mear tekoarten yn de dokters foar lytse bisten.
De Vries hat dan ek keazen om te spesjalisearjen yn kij en fynt it hearlik om lekker yn de bûtenloft by de boeren del te gean. "Ik fyn it machtich moaie bisten. Se binne hiel moai om mei te wurkjen. Dat jildt ek foar de boeren. Je hawwe op in hiel goede wize kontakt en tegearre besykje je de bisten sa sûn mooglik te hâlden."
In hûn wurdt klear makke foar in operaasje. © Omrop Fryslân
Foar har stie al lang fêst dat se bistedokter wurde soe. "Doe't ik in jier as 14 wie, ha ik in skoft foar in laam soarge dat biten wie troch in hûn. Hieltyd de wûn skjinhâlde. Doe wist ik it eins al", seit De Vries.

Opliedingskapasiteit

Neffens Zijlstra begjint de oplossing by de oplieding diergenêskunde. As der mear minsken talitten wurde, der genôch opliedingskapasiteit is en net sa'n soad minsken útfalle, soe it al helpe.
Ek de begelieding as se oan de slach geane moat better: "Met name bij de jonge mensen. Die moeten niet meteen al overvallen worden door een hoge werkdruk. Dan raak je ze kwijt."
Sanne de Vries ûnderskriuwt dat. "Je ha in soad ferantwurdlikheden en je komme in soad ûnferwachte saken tsjin. Ast dêr net oer kinst, kin it swier wêze."
It fak is de lêste jierren ek wêzenlik feroare, sa seit se. De bistedokter út it ferline bestiet net mear. "It is net mear dy man dy't alles docht. Der wurkje no folle mear froulju. Dy wolle lykas ik faker parttime wurkje."
Ek al binne der minder moaie mominten lykas it eutanasearjen fan in ko: se soe nea wer oars wolle.