Trekfûgels hawwe hieltiten minder tiid om oan te sterkjen yn de Waadsee
Trekfûgels hawwe hieltiten minder tiid om harren kondysje op te peppen yn de Waadsee. It giet dan benammen om fûgels dy't briede yn arktyske gebieten en dit hat alles te krijen mei de klimaatferoarings.
De Waddenacademie hat op basis fan twa rapporten fan it ynternasjonale klimaatpanel IPCC en ien fan waarynstitút KNM in oersjoch makke fan de gefolgen fan klimaatferoarings foar it Waad. Yn dy gearfetting komme ek de gefolgen foar arktyske briedfûgels foarby lykas de reade skries.
De klimaatferoarings geane it hurdst yn dy arktyske gebieten. Omdat it dêr waarmer wurdt, komme de ynsekten dêr't piken fan dy fûgels fan ôfhinklik binne hieltiten betider beskikber. Dat betsjut dat dy fûgels ek earder nei de briedgebieten moatte en dus minder tiid ha om oan te sterkjen op it Waad.
Swiet wetter
En dat betsjut dat der ek grutte konsintraasjes fretten wêze moatte om de fûgels noch de kâns te jaan om op te fetten. Yn it oersjoch steane ek saken dy't al langer besprutsen wurde, lykas de foarsizzing dat it swiete wetter folle mear yn ekstreme buien nei ûnderen komt, ôfwiksele mei drûge perioaden. Dat betsjut dat it sâltgehalte fan de Waadsee hurd op en del gean kin en net al it libben kin dêr likegoed oer.
It betsjut ek dat it op lange termyn dreger wurdt om foldwaande swiet wetter op de eilannen op foarried te hâlden ûnder de dunen. Dêr hawwe net allinnich minsken lêst fan, mar ek de natuer op de Waadeilannen.
Fansels hat ek de stiigjende seespegel gefolgen foar it Waad. Trochdat der yn it ferline grutte stikken see ferdwûn binne troch benammen de oanlis fan de Ofslútdyk en de dyk tusken wat no de Lauwersmar is, is der in soad dynamyk út it Waad ferdwûn. En dêrtroch sjogge je no dat it Waad 'sânhonger' hat, it lûkt sân en slyk oan fan de Noardsee ôf.
'Sânhonger'
Dat betsjut dat de Waadsee no noch meigroeit mei de hegere seespegel, mar oer sa'n acht jier kin dat lykwicht fersteurd wurde. En dat begjint yn it westlik Waadgebiet yn de omjouwing fan Flylân.
It oersjoch fan de Waddenacademie makket it benammen foar beliedsmakkers dúdlik wat der oan sit te kommen en makket it mooglik om dêr by besluten oer bygelyks it gebrûk fan de Waadsee rekken mei te hâlden.