RIVM meldt 2.305 nije coronabesmettingen yn Fryslân, ien stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.305 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Tongersdei wienen it der 1.926.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 2.027. Tongersdei lei it op 2.024 besmettingen, in wike lyn op 3.130.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeente Eaststellingwerf en Opsterlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 37.617. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 37.217.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.