GGD hâldt test- en priklokaasjes yn Fryslân foarearst iepen

Hoewol't hast alle coronamaatregels skrast binne en it tal besmettingen en sikehûsopnamen net mear groeit, wol de GGD Fryslân foarearst alle test- en faksinaasjelokaasjes yn de provinsje iepen hâlde.
In frou krijt in faksinaasje op in priklokaasje fan de GGD © Omrop Fryslân
Freed ferfalle in soad regels. Oardel meter ôfstân hâlde hoecht net mear, it coronatagongsbewiis wurdt hast net mear frege en op de measte plakken hoege gjin mûlkapkes mear droegen te wurden.
In moanne lyn waarden al tal fan coronaregels ferromme en in wike lyn kaam der noch mear romte. De GGD sjocht gjin negatyf effekt op it tal besmettingen en sikehûsopnamen. De boosterprik wurket, meldt de GGD: der is gjin grutte taname fan it tal opnamen fan kwetsbere âlderen. Besmette jongeren komme hast net yn it sikehûs telâne.

Mear pop-uplokaasjes

Nettsjinsteande de 'ôfflakking' fan de sifers sjocht de GGD noch gjin oanlieding om it testen en prikken ôf te skalen. De GGD giet ek wer de provinsje yn mei pop-uplokaasjes. Dy steane op dit stuit yn Surhústerfean, Harns, Warkum, Ljouwert, Snits, Holwert en Sint Nyk.
Ynkoarten komme der lokaasjes by yn Bakhuzen, Akkrum, Wynjewâld, Jobbegea en Holwert.
Ofrûne wike hat de GGD Fryslân 1.304 prikken mei in coronafaksin set. 1.204 dêrfan wienen boosterprikken, wêrfan 118 op pop-uplokaasjes set binne.
Oant no ta ha 293.000 Friezen in boosterprik helle.

Teste by GGD nei selstest

It tal Friezen dat him ôfrûne wike teste litten hat, lei yn trochsneed op sa'n 3.000 deis. Dat is wat minder as in wike lyn. Doe gong it om sa'n 3.700 deis. De GGD tinkt dat dat foar in part komt trochdat minsken op wintersport binne en dat minsken har net teste litte omdat se de doar dochs net út hoege.
Fan alle minsken dy't har teste litte, krijt twa op de trije in positive testútslach. Yn de groep tusken 12 en 17 jier leit dat sels op 74 prosint. Dat oandiel leit de lêste tiid hiel heech, omdat de measte minsken har pas by de GGD teste litte as se earst in positive selstest dien ha.