Flylân wol ierdgasfrij wurde mei allinnich lokale partijen yn de gemeenteried

Flylân wol op termyn as eilân hielendal fan it ierdgas ôf en docht dat mei allinnich lokale partijen yn de ried. Op de list stiet boppedat in nije partij.
© Omrop Fryslân
De gemeente Flylân wol op termyn it hiele eilân fan it gas ôfhelje. Dêr is al in moai begjin mei makke troch de wyk Duinwijck, dêr't alle 39 wenten op 1 july fan dit jier oergean op it waarmtenet. Flylân is it earste eilân dat oansletten is op it waarmtenet.

'Heatpipes' en sinnepanielen

De waarmte wurdt yn de simmer fia 'heatpipes' en sinnepanielen opslein yn in wetterbasin. Hjir sit twa miljoen liter wetter yn opslein, dat op syn waarmst 90 graden is. Yn de winter kinne de bewenners fan de wyk dizze waarmte wer brûke.
Dick Visser, listlûker fan de NLV, jout wol oan dat se as eilân tsjin lanlike wet- en regeljouwing oanrinne: "We moeten wat met windenergie, maar de landelijk wetgeving wil bijvoorbeeld geen windparken op de eilanden."
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet der yn eltse gemeente en wat falt der op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Fanwegen it tekoart oan romte op it eilân foar noch sa'n wetteropslach, wurdt it dreech om noch sa'n projekt op te setten, seit Visser. Hy hopet dat der ek sjoen wurde kin nei oare enerzjyboarnen, lykas wetterstof.
Lijst Fier wol gjin wynmûnepark op it eilân mar sjocht wol mooglikheden foar lege wynturbines of in park op de Noardsee.

Duinwijck

Lab Vlieland, in organisaasje foar sirkulêre ekonomy, jout wol oan dat lege wynmûnen folle minder enerzjy opsmite as hege turbines. De partij GroenWit sjocht Duinwijck as foarbyld en wol mear ynsette op sinne-enerzjy yn de foarm fan heatpipes en panielen. Ek sette se yn op wynenerzjy foar de ferwaarming fan gebouwen. Se sizze net konkreet hoe't se dat foar har sjogge.
Algemeen Belang Vlieland sjocht wynenerzjy hielendal net sitten. Se binne wol bliid mei it projekt Duinwijck en wolle ek ynsette op sinneboilers, om't waarmte makliker is om fêst te hâlden as enerzjy, sa sizze sy.

Lijst Fier

De nijkommer yn dizze ferkiezingen is de partij Lijst Fier. Listlûker Henk Veerdig is riedslid sûnt 2018 en ferliet yn 2019 de partij GroenWit. Hy gie sels fierder as ienmansfraksje, om't er himsels te liberaal fûn foar de partij.
No bestiet de partij út fiif kandidaten foar de ried en hawwe se in wiidweidich ferkiezingsprogramma opstelt. De partij wol har ynsette foar de ekonomy op it eilân en de lytsskalige natuer. Yn de polityk wolle se ek ynsette op gearwurking en dialooch.
"We gaan niet op de toer van wij en zij, maar samen sterk," seit Veerdig.

Sosjale media

In opmerklik punt út it programma fan Lijst Fier is it ynsetten fan sosjale media om ynwenners mear te belûken by de lokale polityk. Sa wolle se fia in app de minsken hun mieningen peile en makliker mei de bewenners yn kontakt komme.
© Omrop Fryslân
Dit punt is ûntstien om't de partij seach dat de belutsenheid fan de ynwenners ferbettere wurde koe.
Se hoopje twa sitten binnen te heljen, mar de partij seit it gefoel te hawwen dat trije ek slagje soe. Dan soene se ek meidwaan kinne mei it foarmjen fan in koälysje. "We zijn ambitieus!"

'Minder affiniteit mei lanlike partijen'

Flylân is ien fan de pear gemeenten mei allinnich mar lokale partijen; yn Fryslân hat allinnich Skiermûntseach gjin lanlike partijen op de kieslist. Nieuw Liberaal Vlieland (NLV) hjitte oant 2017 wol VVD en GroenWit is yn 2014 ûntstien út de PvdA.
NLV hat de oergong bewust makke om't se fernamen dat de ynwenners fan it eilân minder affiniteit krigen mei de lanlike partijen. "We zijn tevreden met hoe we als lokale partij hebben geopereerd de afgelopen vier jaar", sa seit Dick Visser, listlûker fan de NLV.
It is al jierren in trend dat yn de gemeenten de lokale partijen grutter wurde. De lanlike partijen krije allinne mar minder stimmen.

'Geen extreme partijen'

Yn 2018 giene yn de Nederlânske gemeenten 28,6 prosint fan de stimmen nei lokale partijen. Lokale partijen bestjoerden doe yn 76 prosint fan Nederlânske gemeenten. Ut in peiling fan I&O Research docht bliken dat 32 prosint fan de minsken fan doel is om op in lokale partij te stimmen. De lokale partijen wurde dus hieltyd populêrder.
Listlûker Henk Veerdig van Lijst Fier ûnderstreket de kultuer fan minsken op in eilân: "Het komt heel erg op de personen aan op een eiland, er zit geen wereld van verschil tussen de partijen, alleen nuanceverschillen. We hebben geen extreme partijen op Vlieland."