Liveblog | 25 febrewaris 2022

Coronanijs 25 febrewaris: Measte maatregels ferfalle | Ein oan coronastipe

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Coronamaatregels wurde hjoed fierder ferromme: ôfstân hâlde hoecht net mear en mûlkapkes op de measte plakken ek net;
  • Fanwegen syktefersom by ferfierder Arriva ride de kommende wiken minder treinen tusken Ljouwert en Snits;
  • It kabinet sil op 1 april ophâlde mei de wichtichste coronastipe foar de ekonomy;
  • Underwiisminister Wiersma makket bekend dat skoallen 2 jier langer de tiid krije om 'coronajild' út te jaan;
  • Ferskate hoarekasaken yn Fryslân hâlde leaver relatyf betide slutingstiden;
  • Freed binne yn Fryslân 2.305 nije coronabesmettingen meld.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 25 febrewaris 2022, 22:05
freed 25 febrewaris 2022
22:00

De ein fan dit liveblog (en hooplik foargoed)

Hjirmei komme wy oan de ein fan de liveblog fan 25 febrewaris. No't de measte coronamaatregels loslitten wurde, hâldt Omrop Fryslân foarearst ek op mei de deistige liveblog oer it coronafirus: op hope dat it ek net werom hoecht te kommen.
Al it nijs oer it coronafirus bliuwt te finen yn ús coronadossier.
21:50

NOC*NSF wol oare stipe no't coronastipe ophâldt

De Nederlânske sportkoepel NOC*NSF snapt dat it kabinet op 1 april mei de meast wichtige coronastipemaatregels ophâldt, mar jout wol oan dat sportbûnen en klups ferlet fan oare stipe hawwe. Want sy binne benaud dat de coronakrisis noch jierren trochwurkje kin. "De herstelopgave begint nu pas", seit manager Erik Lenselink.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat der yn de sport sa'n heal miljard oan eigen fermogen fuortrekke is troch corona. Dat is net samar werom, mei om't it tal klupleden en frijwilligers weromrûn is.
Erik Lenselink © ANP
17:00

Piet Fortuin fan fakbûn CNV: Ein oan coronastipe is 'logisch'

It ein fan de coronastipe troch de oerheid op 1 april is "logisch", seit CNV-foarsitter Piet Fortuin. Hy seit dat er bliid is dat de coronamaatregels no net mear jilde.

"Het einde van de steun is logisch, nu we uit de maatregelen zijn", seit Fortuin. "Maar op het moment dat er weer maatregelen komen, moet ook de steun weer terugkeren. We zijn heel blij dat we na 24 maanden weer open kunnen en met elkaar het herstel kunnen organiseren. Daarbij moeten we ons realiseren dat corona niet weg is, dus goed ons verstand blijven gebruiken met hygiënemaatregelen."

De coronastipepakketten fan it kabinet rinne ôf op 1 april . De stiperegelingen foar leankosten en fêste lêsten, en de útstel foar betellingen oan de belestingtsjinst, binne dan net langer jildich. In spesjale regeling foar selsstannigen hâldt ek op, meldt it kabinet.
16:39

MCL yn Ljouwert ferrommet coronamaatregels

15:47

Wichtichste coronastipe hâldt op fan 1 april ôf

It kabinet sil op 1 april ophâlde mei de wichtichste coronastipe foar de ekonomy. De stiperegelingen foar leankosten, fêste lêsten en regelingen foar útstel fan betellingen oan de belestingtsjinst, sille der nei 1 april net mear wêze. In spesjale regeling foar selsstannigen rint ek ôf, meldt it kabinet.
It giet om de Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid (NOW), de Tegemoetkoming Vaste Lasten (TVL) en it saneamde generike útstel fan betellingen oan de belestingtsjinst. De saneamde regeling 'Vereenvoudigingen van het Besluit bijstandverlening zelfstandigen' wurdt ek weromdraaid. Neffens it regear is de stipe net mear nedich.
Foar eveneminten bliuwe garânsjeregelingen wol bestean. Dat jildt ek foar guon regelingen foar lieningen foar de kultuersektor en foar monuminten. Om't it firus noch wol in skoft ûnder ús bliuwt, komt it regear letter mei in oanpak foar de lange termyn. It regear komt ek mei in plan foar ûndernimmers dy't skulden oprûn ha troch de pandemy.
15:36

RIVM meldt 2.305 nije coronabesmettingen yn Fryslân, ien stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.305 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Tongersdei wienen it der 1.926. It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 2.027. Tongersdei lei it op 2.024 besmettingen, in wike lyn op 3.130.
© ANP
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Tytsjerksteradiel.
Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeente Eaststellingwerf en Opsterlân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 37.617. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 37.217