Provinsje oer kontrakten mei Gazprom: "We moatte bûter by de fisk dwaan"

De provinsje, Wetterskip Fryslân en 17 fan de 18 Fryske gemeenten ha in kontrakt by ierdgasbedriuw Gazprom, dat foar mear as de helte yn hannen is fan de Russyske steat. Deputearre Sietske Poepjes wol goed sjen nei de kontrakten mei it gasbedriuw.
Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Mei de enerzjy fan Gazprom kin de provinsje bygelyks de lantearnpeallen op de dyk oanhâlde, mar it wurdt yn Nederlân ek brûkt foar it ferwaarmjen fan huzen. "We ha dat mei ús allen altiten ynkocht", seit Poepjes. "Dat sette je dan Europeesk-technysk op de merk, je kinne je der op ynskriuwe. Oant no ta hat Gazprom it kontrakt krigen."
Fanwegen de Russyske ynfal yn Oekraïne wolle de Europeeske Uny en Nederlân minder hannel mei Ruslân."Dan ha we hjir wol in probleem", seit Poepjes dêroer.
Neffens har moat útsocht wurde oft Nederlân ûnder it kontrakt mei it Russyske bedriuw útkomme kin. Poepjes: "Faak sitte der klausules by in kontrakt dat je der ûnder út kinne. Der moat dan faak sprake wêze fan echte oarlochsdriging; dat is der no wol."
Wy folgje it Ryksregear yn sanksjes nei Ruslân, en sille ûndersykje wat ús eksakte juridyske posysje is.
Sietske Poepjes oer de kontrakten mei it Russyske Gazprom
"We geane nei dy kontrakten sjen en oerlizzen mei it Ryksregear: 'Wat giet Nederlân dwaan nei Ruslân ta, wat is wiisheid?' De kommende dagen ha we hjir in protte húswurk fan", seit de deputearre. "We folgje it Ryksregear yn sanksjes nei Ruslân, en sille ûndersykje wat ús eksakte juridyske posysje is."

Gas earne oars wei

It is wichtich dat it gas yn de takomst fan oare plakken komt. "Dan sitte je ek wer mei it probleem: moat dat dan út Grinslân wei, want dat is ek net sa moai. Der binne gelokkich ek noch oare lannen dêr't gas wei helle wurde kin, lykas Noarwegen. Amearika wurdt ek hieltyd aktiver op dat mêd. It is saak dat we dat útsykje, we moatte net yn de kjeld of it tsjuster sitte", seit Poepjes.
Dochs fynt se it ek wichtich dat der sanksjes komme tsjin Ruslân. "We moatte efter ús Ryksregear stean as in bepaald lân boykot wurdt."
It kontrakt mei Gazprom soe ek al oant desimber 2023 duorje. Dat wie al in skoft foar de ynfal besprutsen troch it kolleezje. "We ha besletten dat we überhaupt ús enerzjy by oare minsken weihelje soene. By de enerzjykorporaasjes en fan sinnepanielfjilden, sadat je minder ôfhinklik binne fan net-Friezen."
Yn Ruslân binne se net echt ûnder de yndruk fan Fryslân, mar al dy lytse oerheden yn hiel Europa binne by-inoar opteld in grutte hannelspartner foar Ruslân.
Sietske Poepjes
"Ik wit ek wol: yn Ruslân binne se net echt ûnder de yndruk fan Provinsje Fryslân", seit Poepjes. "Mar dêr giet it net om. Al dy lytse oerheden yn hiel Europa binne by-inoar opteld in grutte hannelspartner foar Ruslân."
Dat der no yntusken ek in petysje opset is om de hannel yn gas mei Ruslân te ferbrekken, stipet Poepjes dêrom ek. "Sawol as bestjoerder as boarger fan Nederlân en Fryslân. Uteinlik giet it altiten om jild, dat is it plak dêr't je sokken it bêste reitsje kinne. Oekraïners ha net sa'n soad oan leave tweets fan us, wy moatte ek bûter by de fisk dwaan."
Sietske Poepjes oer de kontrakten mei ierdgasbedriuw Gazprom