Fries tsjûge fan bittere realiteit yn Oekraïne: "Willem, it's war"

Foar Willem Nammensma, Fries om utens yn Oekraïne, fielt de ynfal fan Ruslân hiel ûnwerklik. "Je witte net wat je dwaan moatte."
Minsken yn Lviv yn de rige om jild op te nimmen © ANP
Nammensma waard tongersdeitemoarn wekker mei in appke fan in Oekraynske freon dy't yn it leger sit. "Willem, it is war", stie deryn. "Dan skrikke je wol wekker", seit Nammensma.

Rêst

Nammensma sette fluch de Nederlânske telefyzje oan en pakte de sosjale media derby. Doe gie ek noch it loftalaarm ôf. "Je witte net wat je dwaan moatte. Ik woe nei it plattelân, de stêd is altyd gefaarlik."
De Fries om utens wennet yn Lviv, in stêd hielendal yn it westen fan Oekraïne mei sa'n 700.000 ynwenners. Nammensma seach lege strjitten. "Ik bin efkes nei it park ta rûn, it komt hiel feilich oer. Der hearsket in serene rêst, mar de minsken binne yn shock."
Willem Nammensma út Lviv wei
Der binne twa militêre bases bûten Lviv bombardearre, seit Nammensma. "Der fleagen ek strieljagers leech oer de ring fan Lviv, dat makket wol yndruk."

Te betiid om fuort te gean

Ek Lviv ûntkaam dus net oan oanfallen, wylst guon eksperts ferwachten dat Ruslân him benammen op it easten fan Oekraïne rjochtsje soe. Ut foarsoarch hie Nammensma syn frou en bern earder al nei Nederlân brocht. "Dat hat in fantastysk beslút west."
Nammensma sels bliuwt yn elts gefal foarearst noch yn Lviv. "Ik sil sjen wat der bart. Ik bin allinnich en fleksibel en ik ha de mooglikheden om it lân te ferlitten. Om no al fuort te gean, is my echt te fluch."