RIVM meldt 1.926 nije besmettingen, 1 stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.926 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Woansdei wienen it der 2.196.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 2.024. Woansdei lei it op 2.192 besmettingen, in wike lyn op 3.368.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren 1 stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan Waadhoeke.
Der binne 3 Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Achtkarspelen, Smellingerlân en Weststellingwerf.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 41.216. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 38.889.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.