Fryske amateurkultuersektor kriget betrouwenspersoan

De Fryske amateurkeunstsektor kriget in provinsjale betrouwenspersoan dêr't leden mei yn petear kinne oer saken as grinsoergeand gedrach, diskriminaasje en narjen.
© Shutterstock.com (Kozlik)
De betrouwenspersoan wurdt beskikber steld troch Keunstwurk en de amateurkeunstkoepels Sako, Iepen DoEk en OMF.
By it oanstellen fan de betrouwenspersoan foar de Fryske amateurkultuersektor is ek de SESAM academie belutsen: in lanlike non-profit organisaasje dy't stipe en advys jout oan maatskiplike organisaasjes dêr't frijwilligers aktyf binne.
De organisaasje soarget foar sertifisearre betrouwenspersoanen dy't petearen fiere kinne oer ûnder mear grinsoergeand gedrach, yntegriteit, diskriminaasje, yntimidaasje en narjen. Se binne traind om hjiroer te praten.

'Bijdragen aan bewustwording binnen amateurkunst'

"Er zijn op dit moment talrijke voorbeelden in het nieuws van ongewenst gedrag binnen verschillende sectoren. Met de provinciale vertrouwenspersoon creëren we een direct aanspreekpunt voor amateukunstverenigingen en hopen we bij te dragen aan bewustwording binnen de amateurkunst", seit Gerda Roorda fan Keunstwurk.
Keunstwurk wurket ek oan "preventief beleid", sa seit de organisaasje. Der komme saneamde 'moetingsjûnen', dêr't ferieningen it mei-inoar en mei saakkundigen ha kinne oer in feilige kultuer binnen de ferieningen. Dêrneist ha se in set gedrachsregels opsteld, dy't de ferieningen als rjochtline brûke kinne.