Hoarekasaken wolle gjin lette slutingstiden: kroegen geane earder ticht

Hâld de slutingstiden yn de hoareka yn it begjin fan de nacht, en net om 5.00 oere. Dat is de oprop fan ferskate Fryske hoarekasaken.
© Shutterstock.com (Stuart Monk)
Guon saken dogge it op eigen manneboet. Sa begjint yn ScooterS yn Ljouwert de livemuzyk earder en giet de saak om 3.00 oere ticht. Yn Drachten giet de hoareka om 2.00 oere ticht en op It Hearrenfean giet de talittingstiid fan kafee 't Houtsje werom fan 3.00 oere nei 2.00 oere.
De nachthoareka hâldt wol fêst oan de lette slutingstiid, ûnder oare omdat it by de betide slutingstiid ôfrûne wykein ekstreem drok wie yn it stapgebiet yn Ljouwert.

Positiver en fitter

"Earder begjinne makket it ek folle geselliger yn 'e stêd", seit Izak Rusticus, kroechbaas fan De Prins yn Ljouwert. "Minsken binne positiver. En it bliuwt ek nofliker. Besikers binne der no ek oan wend."
Der binne mear foardielen, neffens Rusticus. "Minsken binne ek folle fitter én it personiel hat mear nocht oan it wurk. Dy ha dan ek noch wat oan de folgjende dei."
Izak Rusticus by radioprogramma Goeiemiddei