Proef moat húsdokters ynsjoch jaan wêr't romte is op spoedeaskjende help
In proef yn Noard-Nederlân wêrby't húsdokters sjen kinne wêr't bêden op de ôfdielingen fan spoedeaksjende help yn sikehuzen beskikber binne, set noch dizze moanne útein. Dêrmei moat foarkaam wurde dat pasjinten nei plakken brocht wurde dy't gjin romte mear ha.
Dat skriuwt minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens yn in brief oan de Twadde Keamer. Yn septimber ferline jier waarden by in tal noardlike sikehuzen minsken binnenbrocht dy't spoedeaskjende help nedich hienen, wylst der eins gjin plak wie op dy ôfdieling.
Op it stuit is op de meldkeamer al help beskikber om ambulânses nei spoedeaskjende helpen mei frije bêden te loadsen. De proef mei de húsdokters moat dêr ek posityf oan bydrage.