Noed by Oekraïners oer ynfal Ruslân: "In één dag verandert heel Oekraïne"

De Oekraïners yn Fryslân waarden fan 'e moarn wekker mei berjochten en bylden fan de Russyske ynfal yn harren heitelân. It nijs komt as in skok; se meitsje harren ek soargen oer de gefolgen fan it konflikt foar famylje en freonen.
"In één dag verandert heel Oekraïne":
Oxana Westerdijk is berne yn Oekraïne en wennet no yn Fryslân, mar se hat noch in soad kontakt mei de minsken út har heitelân. Har broer is sjoernalist, dêrtroch kin se goed op de hichte bliuwe oer de Russyske ynfal.

'Totale capitulatie'

"Rusland heeft gesproken over totale capitulatie: ze wilden Oekraïne de tijd geven tot 12 uur", seit Westerdijk. "Oekraïne wil dat natuurlijk niet." De Russen komme it lân no fan alle kanten binnen, seit Westerdijk. "Ik had het nooit verwacht."
Se tocht dat de Russen it lân allinne by Loehansk en Donetsk, twa opstannige regio's, binnenfalle soene. "Ze komen van Wit-Rusland, de Krim, van de Donetsk-kant. Ze schieten op belangrijke militaire installaties en op vliegvelden."
Neffens har broer sitte de tanks al yn de regio Charkov en binne se al sjoen yn Odessa. "Poetin heeft zich gewoon aan zijn woord gehouden."
Oxana Westerdijk © Omrop Fryslân, Alle Faber
In één dag verandert heel Oekraïne.
Oxana Westerdijk
It lân komt yn ien klap ta stilstân, seit Westerdijk. "Niemand werkt meer. In één dag verandert heel Oekraïne. Mensen proberen rustig te blijven, maar ze wonen in grote steden en flats. Ze hebben geen contacten of familie in dorpen. Ze moeten kunnen eten, producten kunnen krijgen."
Der steane al lange rigen yn winkels, apoteken en banken. "Je kunt er niet zoveel kopen als je wilt", seit Westerdijk. No kin dat foar heechút 4.000 grivna, dat is likernôch 120 euro. "Hoelang duurt het? Het is voor iedereen een grote shock, dit hadden we niet verwacht."

Bruorrefolken

Yn Oekraïne binne se grutbrocht mei it idee dat Russen en Oekraïners bruorrefolken binne. Dat bliuwt sa, seit Westerdijk. "Zelfs bij een oorlog maakt het niet uit. Het is gewoon dezelfde cultuur, hetzelfde denken het zijn dezelfde gevoelens. In mijn hart blijft dat altijd zo."
Oxana Westerdijk oer de ynvaazje fan Oekraïne