Definsje sjocht nei ekstra befeiliging Ljouwerter fleanbasis
It ministearje fan Definsje besjocht oft de fleanbasis fan Ljouwert ekstra befeilige wurde moat, no't Nederlân sydlings belutsen is by de oarloch yn Oekraïne.
Tongersdeitemoarn binne twa F-35's fan de fleanbasis yn Ljouwert de loft yngien om it loftrom fan NAVO-gebiet te bewaken. Direkte oanlieding is de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne.
"We zijn aan het bekijken of we de beveiliging van de vliegbasis gaan ophogen", seit wurdfierder Wilco ter Horst fan Definsje. "Daar maak ik me niet zoveel zorgen over, de bewaking is goed."
De twa gefjochtsfleantugen fan de Ljouwerter fleanbasis binne om 10.15 de loft yngien, wienen dêrnei foar in koarte stop even werom en binne no wer ûnderweis.
Definsje wie der klear foar om tongersdei yn aksje te kommen, meldt Ter Horst. "Het overviel ons niet, we weten wat er speelt. Het was alleen de vraag wanneer. Dat bleek vanmorgen te zijn."