DNA-ûndersyk yn pikestront moat dieet skriezepiken bleatlizze

As ûnderdiel fan it grutskalige ûndersyk nei skriezen yn Súdwest-Fryslân, útfierd troch de ûndersyksgroep fan Theunis Piersma-en-dy, wurdt dizze maitiid ek sjoen nei skriezestront. It giet om stront fan jonge skriezepiken.
Jonge skries yn it fjild © Omrop Fryslân
De pikestront giet nei de Ryksuniversiteit Grins foar DNA-ûndersyk, sadat se derefter komme kinne wat de piken krekt fretten ha. It is ûnderdiel fan in folle breder ûndersyk nei ynsekten yn it gebiet. De ûndersikers hoege net op syk nei de stront, want it guod wurdt sammele by it ringjen fan de skriezepiken. Troch de stress litte de piken dêrby hast altiten wol wat los.
Yn it fjild wurdt ek goed sjoen nei de ynsektesoarten dy't dêr binne en op hokker momint. Dêrfoar wurde ûnder mear ynsektefallen brûkt.

Fertikaal omheech yn de greide

De ynsektefallen besteane út stikken karton mei lym. Se steane fertikaal omheech yn de greide. Dêrmei sjogge de ûndersikers net allinnich hokker ynsekten der sitte, mar ek op hokker hichte sy te finen binne en oft de piken der wol bykomme kinne.
De ûndersikers wolle ek witte oft de ynsekten der op it goede momint foar de piken binne en hoefolle it behear fan de greide eins útmakket.
Michella Ligtelijn fan Ryksuniversiteit Grins oer it ûndersyk nei skriezestront