Ljouwerter F-35's ûnderweis nei East-Europa om loftrom te beskermjen

Twa F-35's binne fan 'e moarn út Ljouwert ôfset foar in misje yn East-Europa. Direkte oanlieding is de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne.
Bylden fan de Ljouwerter fleanbasis:
It doel fan de F-35's is om it NAVO-loftrom boppe East-Europa te beskermjen. Om 10.15 oere hinne wie it fuortgean fan de twa tastellen te hearren yn Ljouwert. It is foar it earst dat de Nederlânske F-35's offisjeel ynset wurde.
"Hiermee brengt Nederland bondgenootschappelijke solidariteit tot uitdrukking", meldt it ministearje fan Definsje op Twitter. "We dragen, zeker nu, bij aan handhaving van integriteit van het NAVO-verdragsgebied."
De twa fleantugen kinne mei help fan tankfleantugen lang yn de loft bliuwe. Wêr't se krekt ynset wurde, makket it ministearje net bekend.
De ynset fan dizze twa fleantugen stiet los fan de twa F-35's en 100 personielsleden dy't yn april it loftrom bewekje sille yn Bulgarije.

Russyske ynvaazje

Presidint Poetin fan Ruslân kundige tongersdeitemoarn betiid yn in taspraak op de Russyske steatstelefyzje oan dat it leger yn aksje komme soe. Hy hie it oer in 'spesjale militêre operaasje'. Yn ferskate stêden troch hiel Oekraïne waarden dêrnei eksploazjes heard.
It Oekraynske leger seit dat der fiif Russyske fleantugen en ien Russyske helikopter delhelle binne. Ruslân sprekt dy berjochten tsjin.