Liveblog | 24 febrewaris 2022

Coronanijs 24 febrewaris: 'Hâld slutingstiden hoarekasaken yn begjin fan de nacht'

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Tongersdei binne yn Fryslân 1.926 nije coronabesmettingen meld;
  • By foarkar om 2 oere ticht: 'geselliger yn de stêd en better foar hoarekapersoniel;
  • Enkête CNV: Bussjauffeurs wolle ôf fan mûlkapkesplicht;
  • Ektra corona-yninting, mar net foar elkenien.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 24 febrewaris 2022, 22:43
22:41

Ein fan dit liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen. Moarn binne we der foarearst foar it lêst mei it coronaliveblog.
20:06

Tal positive tests rint yn hiel Europa werom

Yn grutte parten fan Europa giet it tal nije coronagefallen omleech. Nederlân bliuwt in brânkearn, mar dat komt ek trochdat it RIVM earder dizze moanne in grutte efterstân yn ien kear fuortwurke.
Dy ynhelslach telt nije wike net mear mei yn de wyklikse kaart fan de Europeeske sûnenstsjinst ECDC. It tal befêstige besmettingen is sa heech dat hast alle regio's op donkerread stean. Dat is it heechste warskôgingsnivo op de kaart. Mar yn 191 regio's giet it tal positive tests omleech.
17:38

Net folle fraach mear ferwachte, testoanbieders slute lokaasjes

Fan freed ôf is in negative testútslach inkeld noch nedich foar grutte gearkomsten binnendoar sûnder fêst sitplak. Dan moatte alle besikers, faksinearre of net, harren yn it foar teste litte op corona. Oant no ta hiene minsken dy't net faksinearre wiene in negative coronatest nedich foar tagong ta bygelyks de hoareka.
De ferwachting is dat de fraach nei tests freed ynsakket. Oanbieders lykas Testcoronadirect en Spoedtestcorona witte no al dat se lokaasjes slute moatte. Alegria Health, mei sa'n tweintich lokaasjes yn it noarden en westen fan Nederlân, ferwachtet foaral troch de wike ticht te gean. Yn de wykeinen wol eigener Margaret Krijnen safolle mooglik lokaasjes iepenhâlde, ek yn lytsere plakken lykas Easterwâlde.
Stichting Open Nederland dy't de testen foar it coronatagongsbewiis organisearret, kin noch net sizze hoefolle lokaasjes oft iepenbliuwe sille. En dus ek net oft elkenien binnen in heal oere in testlokaasje berikke kin.
17:21

EMA posityf oer Pfizerbooster foar pubers

Bern fan 12 oant en mei 17 jier kinne no ek in boosterprik fan Pfizer/BioNTech helje. Dat is feilich yn de eagen fan it Europeesk genêsmiddelburo EMA. Soarchminister Ernst Kuipers sei earder dat jongerein in boosterfaksinaasje helje mei, as it EMA dêrachter stean soe.
Op dit stuit kinne allinnich folwoeksenen in boosterprik krije. De Gezondheidsraad stelde earder dizze moanne dat der gjin medyske redenen binne om alle pubers in boosterprik oan te bieden. Kuipers naam dat advys oer. Hy sei der wol by dat as it EMA grien ljocht jout foar in boosterprik foar de leeftiidsgroep fan 12 jier ôf, jongeren de mooglikheid krije om sa'n oppepprik te helje
17:08

Ektra corona-yninting, mar net foar elkenien

© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Fan kommende sneon ôf krijt in nije groep boargers in útnûging foar in ekstra coronafaksinaasje. It giet om minsken fan 70 jier en âlder, bewenners fan ferpleechhuzen, folwoeksenen mei it syndroom fan Down en folwoeksenen mei in slimme ymmúnsteurnis.
De útnûging folget sawat trije moanne nei harren lêste coronaprik. Dat skriuwt minister Kuipers fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) tongersdei oan de Twadde Keamer.
De Gezondheidsraad advisearret om allinnich spesifike groepen en net alle 18-plussers de werhel-prip oan te bieden. De minister folget dat advys op.
16:53

RIVM meldt 1.926 nije besmettingen, 1 stjergefal

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.926 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Woansdei wienen it der 2.196. In ynwenner fan de gemeente Waadhoeke is ferstoarn.
© ANP