Rêding Boalserter swimbad wie net ienfâldich: "Je freegje nochal wat"

Noch in wike as fjouwer, dan soe it swimbad yn Boalsert wer iepen kinne moatte. Dizze wike waard bekend dat it swimbad foar de kommende fjouwer jier behâlden bliuwt.
Swimbad Vitaloo yn Boalsert © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De stichting Ons Zwembad en de gemeente Súdwest-Fryslân ha dêr in oerienkomst oer sletten. Tineke de Rijke, foarsitter fan Ons Zwembad, kin hast net útlizze hoe bliid oft se is. "It is echt geweldich, ik ha der gjin oare wurden foar."
De gemeente drige mei sluting. Der binne ferskate swimbaden yn Súdwest-Fryslân en dy yn Boalsert soe net rendabel genôch wêze. Nei protest út de stêd is de sluting tsjinholden.
Protest foar it behâld fan it swimbad yn Boalsert © Omrop Fryslân
"As jong famke wie ik altyd al te finen yn it bûtenbad", fertelt De Rijke. "Doe't dy yn 1994 ticht gong, wie ik hiel tryst. En doe't it binnenbad ek ticht soe, sei ik: dat kin net."
Se sleat har oan by in wurkgroep om it swimbad te behâlden. "We ha ús út de naad wurke, mei alle Boalserters en omwenners. En dit is it resultaat, ik bin der hiel grutsk op."
Sûnder de ynspanning fan de wurkgroep hie it bad der net mear west. "We moasten in plan skriuwe, dat siet neffens de gemeente hiel goed yn elkoar. Dêrom ha we besletten om der mei ús allen foar te gean."

Beswierlik

Ienfâldich wie dat net, want der moast ek jild op it kleed komme. En dat wylst ek de middenstân yn Boalsert te lijen hat fan de coronakrisis. "Sûnder jild kinne je neat. We ha in hiel soad bedriuwen oanskreaun, mar je freegje nochal wat. In protte bedriuwen ha it ferskriklik swier hân."
Dat fielde dus ek wol wat beswierlik, moat De Rijke tajaan. "Mar we ha ek noch safolle moaie reaksjes hân. We binne in aksje begûn dat minsken 'freon' wurde kinne fan it swimbad. Der binne ek allegear bedriuwen dy't ús 'in natura' stypje. Dat kinne we ek brûke, bygelyks foar it opknappen fan de resepsjeromte."
It wetter siet net allinnich yn it swimbad, it kaam ek fan boppen.
Tineke de Rijke
Dat moast ek wol, want it swimbad wie der net goed oan ta. Dat wie ek ien fan de redenen om it swimbad earst net iepen te hâlden. De Rijke: "It wetter siet net allinnich yn it swimbad, it kaam ek fan boppen. We binne dus mei in nij dak begûn. Dat stie al langer op de planning, mar as it swimbad tichtgean soe, hoegde der ek gjin nij dak te kommen."
Swimbad Vitaloo yn Boalsert © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat is yntusken klear. No wurdt de lêste hân lein oan in fatsoenlike resepsjeromte. "In hiel soad minsken komme in pear moarntiden yn de wike te swimmen en helje dêrnei in bakje kofje en wat cake. Mar der wie net in soad gesellichheid oan dy romte, dat koe net mear. Mar no ha we moaie stuollen, tafels, in nije baly en tegelflier."
De bernehoeke moat noch makke wurde en der komt noch wat grien yn. "Noch in wike as fjouwer, dan is it klear."