Eaststellingwerf: tiny houses oplossing foar wenningkrapte?

Eaststellingwerf kampt krekt lykas de measte gemeenten mei wenningkrapte. Binne tiny houses de oplossing? En hoe om te gean mei fergrizing en krimp? Boppedat wiene der dit jier in opfallend soad meldings oer peroanen dy't yn de war wiene.
© Omrop Fryslân
Yn 2021 gie it om 588 meldingen oer persoanen dy't mei de holle op 'e rin binne. Dat is 214 prosint mear yn ferlyk mei 2020. De meldingen wurde dien as in persoan in gefaar is foar himsels, harsels of foar in oar, of as ien de iepenbiere oarder fersteurt
De plysje wol mei klam sizze dat it ek gean kin oer meardere meldings oer ien en deselde persoan. Dochs is it in opfallende taname. Oer de reden dêrfan is noch net folle bekend.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet yn eltse gemeente en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Guon ferkiesbere partijen yn Eaststellingwerf hawwe de taname fan it tal meldingen oer betize persoanen ek fernaam. Se hawwe it probleem opnaam yn it ferkiezingsprogramma.

CDA, D66 en ChristenUnie sette yn op bettere begelieding

Sa wol it CDA de oerlêst ferminderje troch genôch middelen beskikber te stellen, sadat betize minsken goed begelaat en behannele wurde kinne. D66 stelt foar om ekstra praktykstipers yn te setten.
ChristenUnie giet ek yn op it probleem. De partij wol jild stekke yn fermindering fan de oerlêst en yn help oan betize minsken. "Mensen die verward gedrag vertonen, horen in ieder geval niet thuis in een politiecel." Der moat jild nei beskerme wenjen en it bystean fan betize minsken dy't thús wenje.
De partij set fierder yn op selshelpgroepen, ynrinhuzen en bettere gearwurking tusken GGZ, húsdokters, maatskiplike opfang en oare belutsen partijen.

Fergrizing en krimp

Eaststellingwerf is ien fan de Fryske gemeenten dêr't fergrizing yn ferhâlding heech is. Yn it jier 2035 sil mear as 30 prosint fan de befolking 65 jier of âlder wêze. Ut sifers fan it Frysk sosjaal planburo FSP docht bliken dat de regio Súdeast-Fryslân, dêr't Eaststellingwerf yn leit, te krijen hat mei krimp. Foaral yn de lytse doarpen lûke hieltyd mear jongere minsken fuort en bliuwt de âlderein oer.
It CDA fernimmt it probleem ek. Neffens de partij kinne dêrtroch miskien net alle foarsjenningen yn in doarp bliuwe. Dêrom wolle se gearwurking tusken doarpen stimulearje: "Dit kan ertoe bijdragen dat voorzieningen goed gespreid in onze gemeente voor iedereen bereikbaar blijven."
Benijd nei hokker partij oerien komt mei jo stânpunten? Klik hjir foar de stimwizer.
Ooststellingwerfs Belang foarsjocht by fergrizing foaral gefolgen foar de wenningmerk. Der sil neffens de partij fraach komme nei oare wenfoarmen: "Het plaatsen van mantelzorgunits en mantelzorgwoningen moet mogelijk zijn. Regelgeving moet hierop worden aangepast."
Krimp wol ek sizze dat der minder bern binne yn de doarpen. GrienLinks stelt foar om krimpskoallen yn ien doarp better gearwurkjen te litten. Dêrtroch kin it ûnderwiis goed bliuwe en "wordt de kans op behoud van een dorpsschool groter."
ChristenUnie hâldt it op it mêd fan krimp en wenningbou wat algemiener. Yn stee fan nijbou op lege plakken moat gebiet dat al beboud is, brûkt wurde.
© Omrop Fryslân
Lykas hast rûnom yn Fryslân spilet yn Eaststellingwerf it wenprobleem ek. Foar starters is it bygelyks dreech om yn eigen doarp te bliuwen.
Ut ûndersyk fan I&O Research docht bliken dat by 45 prosint fan de Nederlanners 'betelber wenjen' op plak 1 stiet fan wichtichste ferkiezingsûnderwerpen. Yn 2018 wie dat noch 28 prosint.

Tiny houses as oplossing foar wenningprobleem?

In tal ûndernimmers en jongerein yn Makkingea wolle al sûnt twa jier dat der tydlike lytse húskes (tiny houses) foar starters yn it doarp komme. Dat is net samar klear. De gemeente hat it dreech mei de praktyske kanten fan tydlike wenprojekten en de provinsje wol gjin ekstra huzen bouwe omdat se krimp ferwachtsje.
Ien fan de inisjatyfnimmers, Frans Hamstra, hat de put der hast út. Hy fynt it dreech om te sjen dat de gemeente wol grutte projekten lykas sinneparken, dy't oplein binne troch de oerheid, útfiere kin. En dat wylst in projekt út de mienskip mar net fan de grûn komt.
In partij dy't yn it ferkiezingsprogramma meldt hjirop yn te setten is D66. "Het project tiny houses/starterswoningen in Makkinga gaan we de komende periode realiseren. Bij succes moet dit snel navolging vinden in andere dorpen."
Ooststellingwerfs Belang, CDA, GrienLinks en de Vrije Partij Ooststellingwerf stean ek iepen foar lytse tydlike húskes. GrienLinks seit der wol by, dat tiny houses yn de omjouwing passe moat. VVD en ChristenUnie fine dat der nije lokaasjes en (lytse) wenfoarmen komme moatte foar starters. Se hawwe it net spesifyk oer tiny houses.