RIVM meldt 2.196 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 2.196 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. Tiisdei wienen it der 1.733.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 2.192. Tiisdei lei it op 2.379 besmettingen, in wike lyn op 3.507.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne fjouwer Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Harns, Opsterlân, Tytsjerksteradiel en Súdwest-Fryslân.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 41.481. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 41.050.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.