Roemeenske ynbrekkers pakt

23 nov 2011 - 10:52

De plysje hat tiisdeitenacht in 25- en 34-jierrige Roemeen oanhâlden foar ynbrekken. Sawat 2 oere nachts krige de plysje melding fan ynbrekkerij by in supermerk oan de Terp yn Wommels. Doe't se by de winkel oankamen seagen sy skea oan de doar. Ek wiene sigaretten en sjek fuort. Aginten dy't fierder yn de provinsje oan it wurk wiene seagen by Reduzum in auto mei Roemeensk kenteken riden. Doe't sy dy in stopteken joegen die bliken dat der guod yn de auto lei dat mei de ynbraak yn Wommels te krijen hie.

Beide manlju wiene ek te werkennen op de bewakingsbylden fan de supermerk. Se binne oanhâlden en de auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
ynbrekkers Wommels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)