HEA! De pjutten fan Wytgaard ferhúzje
It is in feestlike, mar ek wol in bytsje in spannende dei foar de bern fan it pjutteboartersplak yn Wytgaard. Se sille ferhúzje nei in gebou fierderop.
Der wurdt grut útpakt. Earst fiere de bern in feestje mei echte diskolampen. Dêrnei gean se yn optocht nei it nije gebou.