Liveblog | 23 febrewaris 2022

Coronanijs 23 febrewaris: Syktefersom sikehûzen bliuwt heech

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Woansdei binne der yn Fryslân 2.196 nije coronabesmettingen meld;
  • By de stimburo's binne yn maart mûlkapkes en oardel meter ôfstân hâlde net mear ferplichte;
  • Ien op de acht dy't boosterprik hân hat wol gjin folgjende boosterprik;
  • Yn it noarden wurde yn ferhâlding de measte coronagefallen fêststeld.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 23 febrewaris 2022, 23:02
23:01

Dat wie 'm wer

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
19:06

Katten en hûnen spilen gjin grutte rol yn pandemy

Katten en hûnen spilen oant no ta gjin rol fan betsjutting yn de corona-epidemy yn ús lân, tinke ûndersikers fan de Universiteit Utrecht, Wageningen University & Research en Erasmus Medisch Centrum. "Zonder infecties bij honden en katten was de epidemie niet wezenlijk anders verlopen", seit Arjan Stegeman, projektlieder en heechlearaar oan de Universiteit Utrecht.
Dat katten en hûnen besmet wurde koene, wie al bekend. Dêrom moast útsocht wurde oft dat de sirkulaasje fan it firus yn stân holp te hâlden. Ut analyzes die bliken dat it tal besmettingen by minsken tanimt mei it tal katten yn de omjouwing en liket de kat dus wól in oerbringer wêze te kinnen. Mar dochs waard ynfeksje fan kat op minske yn dit ûndersyk net oantoand. By hûnen waard sa 'n ferbân hielendal net sjoen.
17:50

Bioskopen en teaters wer iepen, mar noch net sûnder problemen

Foar teaters, bioskopen en poppoadia is it net dreech om de sealen nei de lockdown wer fol te krijen. Dochs binne der noch wol wat problemen, hast in moanne nei de iepening, sizze se.
Sa binne der noch wat hindernissen foar't besikers de bioskoop- of teaterseal yn kinne. Berend Schans fan de Vereniging Nederlandse Podia en -Festivals (VNPF) hat foaral noed oer de saneamde 1G-regeling, wêrby't besikers fan sealen mei mear as 500 minsken harren teste litte moatte.
"Mensen moeten daarvoor bij de entree negatief testen en wij vermoeden dat dat voor heel veel no-show gaat zorgen. Mensen die wel een kaartje hebben maar niet op komen dagen", seit Schans. En dat liedt neffens him ek wer ta minder omset oan de bar. "Alles is zo verlieslijdend en niet rendabel, dus dat 1G moet er van af."
15:58

Soad minsken sille CoronaCheck-app update moatte foar 1G-bewizen

Wa't fan dit wykein ôf nei in evenemint wol dêr'tst in negative coronatest foar sjen litte moatst, moat wierskynlik de CoronaCheck-app update. De app hoecht fan freed ôf op de measte plakken net mear brûkt te wurden, it saneamde 3G-bewiis wurdt foarearst net mear brûkt.

Scanner-app ek update

De mooglikheid om in 1G-bewiis sjen te litten is ferline wike moandei tafoege oan de app. Minsken dy't de app sûnt dy tiid net update hawwe, sille dat nei alle gedachten dwaan moatte om it nije bewiis brûke te kinnen. Ek de app wêrmei't sa'n koade scand wurde kin is fernijd. Brûkers fan dy app dy't de 1G-bewizen scanne moatte sille dy app ek update moatte.
In QR-koade © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
15:30

2.196 nije coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM meldt woansdei 2.196 nije coronabesmettingen yn Fryslân. It binne der 463 mear as tiisdei. Doe waarden 1.733 besmettingen registrearre.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne fjouwer Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 41.481. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 41.050.
14:24

Leechste tal coronapasjinten op ic's sûnt oktober

Op de intensive cares yn de Nederlânske sikehûzen lizze woansdei 163 pasjinten mei Covid-19, it leechste tal sûnt 19 oktober. It binne der acht minder as tiisdei. Dat docht bliken út de lêste sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
Der lizze op it stuit 1411 minsken mei Covid-19 op in ferpleechôfdieling, dat binne der 44 minder as tiisdei.