FIDEO: Soas It Pypke yn Suwâld bestiet 50 jier
Der leit in heale iuw oan oantinkens yn jeugdsoas It Pypke yn Suwâld. Jong en âld kaam der om in feestje te fieren. Op de lytse souder fan doarpshûs De Suderfinne stiene yn de heechtiiddagen wol trijehûndert man. Tiisdei wie it grut feest, want It Pypke bestiet 50 jier.