Operaasje Fryske Flagge: Geale de Vries gie foar it ûnderwiis nei Noarwegen

Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Geale de Vries yn Noarwegen.
Geale de Vries © Omrop Fryslân
Geale de Vries waard berne yn Ljouwert, mar groeide de earste 18 jier fan syn libben op yn Stiens. Dêr wenne hy mei heit, mem en suske. Nei de basissoalle is hy nei it middelber ûnderwiis gien, it SSG yn Ljouwert, en dêrnei is hy ferhuze nei Grins.
"Ik haw yn Grins Skandinavyske talen studearre, dêr't ik ek Ingelsk by dien hie", fertelt De Vries. "Ik fyn talen wol nijsgjirrich, lykas reizgjen."

Ferhuze foar it ûnderwiiswurk

Nei it folbringen fan syn opliedingen kaam hy der wol efter dat der net in soad wurk yn Nederlân wie yn de Noarske taal. Ek in baan yn it Ingelsk wie net echt maklik yn dy tiid. "Yn Nederlân wie it net maklik om wurk te finen, mar freonen yn Noarwegen seine: kom hjir mar hinne. Dus doe bin ik yn 1988 ferhuze."
Hy die dat mei syn partner Ton, dy't út Steenwijk kaam. Yntusken binne sy troud. Hoewol't Noarden foarrang krigen op fakatueren, slagge it úteinlik dochs om wurk te krijen.
It ferhúzjen wie úteinlik ek noch in haastklus, want yn july hearde De Vries dat hy in baan krije koe op in middelbere skoalle krekt bûten Oslo en yn augustus moast hy dêr al úteinsette.
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.
"Ik haw op ferskate plakken yn it ûnderwiis wurke. It soe earst in pear jier, mar it waard 14 jier. Dêrnei hawwe wy wer tsien jier werom west yn Nederlân, mar dêrnei woene wy eins wol wer werom nei Noarwegen. Dus sûnt 2012 wenje wy dêr wer", fettet De Vries gear.

Pleechbern

Yn tuskentiid namen Geale en Ton ferskate pleechbern yn 'e hûs. De earste bern giene úteinlik werom nei harren eigen húshâldens, mar úteinlik binne Geale en Ton fâd wurden fan in tal bern. "Wy binne úteinlik mei fiif bern nei Noarwegen ferhuze. Wy hawwe der dêr ek noch in Noarsk jonkje by krigen."
It wie noch in flinke toer om wer te ferhúzjen, want der moasten fiif bern en twa hûnen mei. Earst kamen sy yn in hûs yn de bergen terjochte, dêr't sy goed trije jier wenne hawwe. Letter besleaten sy nei Halden te ferhúzjen, dêr't De Vries ek in baan krije koe.

Histoarysk Halden

Halden is in moai plak, fynt De Vries. "As je mei de auto út Sweden wei nei Noarwegen ride, dan komme je by de grins by Halden. It is in lytse stêd. It hat in âlde fêsting út de tiid fan de oarloggen mei Sweden. It leit oan in fjord en it is boskgebiet. In moai histoarysk plak."
Geale de Vries
Op dit stuit wennet de húshâlding yn in tuskenwenning. It eigen hûs is ferkocht en sy wachtsje oant it nije hûs klear is. De Vries hopet dat de bou yn juny klear is.
De Vries hat yntusken ek de Noarske nasjonaliteit. "Myn freon praat gjin Frysk, ik kin dat allinnich. Dus der wurdt hjir eins gjin Frysk praat thús. It Nederlânsk besykje wy der wol wat yn te hâlden, mar de bern prate wol mear Noarsk."
Noaren binne maklike minsken, sy hâlde har oan ôfspraken en sy lykje eins wol wat op Friezen. Je witte wat je oan se hawwe.
Geale de Vries
Werom nei Fryslân, dat hoecht fan Geale net mear. Hoewol't er wol hieltyd mear beseft in Fries te wêzen. "Noaren binne maklike minsken, sy hâlde har oan ôfspraken en sy lykje eins wol wat op Friezen. Je witte wat je oan se hawwe."
Geale hat it noch altyd goed nei 't sin. "Ik wurkje noch yn it ûnderwiis, mar ek as oersetter. It befalt my yn Noarwegen, de sfear is goed en de relaasje tusken learaar en learlingen is noflik."