Stellingwerfske filmbylden út it ferline foar de takomst bewarre

Fiif jierren 60-films út de Stellingwerven binne restaurearre en digitalisearre, mei tank oan it gearwurking fan de Oudheidkamer Weststellingwerf en it Fries Film & Audio Archief.
Kleurebyld fan Skerpenseel © Fries Film & Audio Archief
Ferline jier dat de Oudheidkamer Weststellingwerf syn filmkolleksje yn behear jûn by it Fries Film & Audio Archief. It giet om 8mm-films út de jierren 60. Meiwurkers hawwe de bylden trochnaam, opknapt, digitalisearre en online set.

Skerpenseel yn kleur

Sa binne der fjouwer films oer Skerpenseel en omjouwing meinaam, wêrfan't der ek nochris trije yn kleur binne. Dizze 8mm-spuollen wiene noch net earder digitaal makke. Op de bylden is it de mienskip, it boerelibben en it doarp te sjen, mar ek komme der ferskate feestdagen oan bar, lykas Sinteklaas en in kuiertocht.

Wolvegeaster doarpsfilm

Dêrnjonken is no ek de doarpsfilm fan Wolvegea út 1964 digitalisearre. Dizze doarpsfilm is ea makke troch Johan W.L. Adolfs út Enschede, in sakeman dy't in soad doarpsfilms makke. De film wie ea wol op fideobân set, mar no is de film lang om let yn in goede kwaliteit digitalisearre.
"Wat deze collectie nou zo bijzonder maakt, is dat de Stellingwerven een gebied is waar we tot op heden nog niet heel veel films hebben", seit Jurjen Enzing fan it Fries Film en Audio Archief.
Doarpsfilm fan Wolvegea út 1964 © Fries Film & Audio Archief
Troch it digitalisearjen hoopje de beide organisaasjes dat de histoarje foar de takomst bewarre bliuwt. Wa't sels noch âlde bylden hat fan de Stellingwerven, kin terjochte by de Oudheidkamer of it argyf.
"Hopelijk is dit een eerste mooie stap naar een grote collectie van de Stellingwerven", seit Enzing.
Jurjen Enzing fan it Fries Film en Audio Archief
De filmbylden binne werom te finen yn dizze YouTube-kolleksje fan it Fries Film & Audio Archief.