Dantumadiel en de fúzjeperikels: hoe sjocht de takomst fan de gemeente derút?

Gedoch yn Feanwâlden oer in doarpshûs, de iennichste Fryske gemeente mei de SGP op de kieslist én in diskusje oer in eventuele fúzje mei Noardeast-Fryslân: dizze saken spylje yn gemeente Dantumadiel.
© Omrop Fryslân
Op 1 jannewaris 2024 sil de amtlike gearwurking fan gemeente Dantumadiel mei dat fan gemeente Noardeast-Fryslân ophâlde. Dêrmei leit de folgjende fraach foar de hân: hoe moat gemeente Dantumadiel de takomst ynfolje?

Oanpoatsje as lytse gemeente

No't gemeenten der hieltyd mear taken by krije en tagelyk minder budzjet ha, moatte gemeenten oanpoatsje. Foar lytsere gemeenten lykas Dantumadiel is it in hiele opjefte om komplekse beliedsfragen goed út te fieren.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet der yn eltse gemeente en wat falt der op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Oant 2024 wurdt Dantumadiel noch stipe troch de amtlike organisaasje fan gemeente Noardeast-Fryslân. Om't der fan beide kanten ûntefredenheid is oer de gearwurking, is besletten om dêr net mei troch te gean.

Fúzje

De partijen VVD, CDA en FNP wolle graach dat Dantumadiel yn stee fan de gearwurking, hielendal fusearje sil. Yn in opinystik yn it Friesch Dagblad pleite CDA-riedslid Hilbrand Visser eksplisyt foar in fúzje. De gemeente kin neffens him de boargers net mear biede wat se harren biede moatte soene, trochdat de takepakketten fan de gemeenten hieltyd yngewikkelder wurde.
CDA-riedslid Hilbrand Visser is foar de fúzje, wethâlder Kees Wielstra (Gemeentebelangen) tsjin
Partijen as BVNL, ChristenUnie, Gemeentebelangen, SGP en Sociaal Links binne just tsjin in fúzje. De ChristenUnie neamt yn harren programma de weryndielingsdiskusje 'geldverslindend' en 'tijdsrovend'. Wichtich is ek de rjochtstreekse bining dy't in lytsere gemeente mei de boargers hat.
Joran Jager, listlûker fan BVNL

De SGP

Dantumadiel is de iennichste Fryske gemeente dêr't de SGP yn meidocht. Yn it benammen kristlike Dantumadiel wiene ôfrûne riedsperioade 9 fan de 17 sitten foar konfesjonele partijen: CDA (5 ), ChristenUnie (3) en de SGP (1 ).
Hoewol't de SGP hjir it lytste kristlike bruorke is, kin it al sûnt de jierren tritich rekkenje op ien oant en mei twa sitten. Dêrmei is de SGP de langstsittende partij yn gemeente Dantumadiel.
No't Tom Bakker nei 12 jier yn de ried in stap weromdocht, hat de SGP in nije listlûker: Heerke Kooistra. Under syn bewâld bliuwt de SGP kant tsjin de keapsnein. De partij sjocht it as 'voorrecht' om ien dei yn de wike ôfstân nimme te kinnen fan 'ons werk'. Yn 2017 tsjinne de PvdA noch in moasje yn om de keapsnein mooglik te meitsjen. Nei fûl ferset fan de konfesjonele partijen waard dizze moasje net oannaam.

'Hoekstien fan de mienskip'

Opmerklik is dat de SGP derfoar pleitet om relaasjeterapyen út de gemeente wei te subsidiearjen. Húshâldens binne neffens it programma ' ûnmisber ' en it plak dêr't bern foarme wurde. Sadwaande is en bliuwt it húshâlden neffens de SGP de 'hoekstien fan de mienskip'.
Heerke Kooistra fan de SGP
© Omrop Fryslân
In oare saak dy't spilet yn de gemeente is de fraach nei foarsjenningen. Sûnt 2003 besiket it doarp Feanwâlden in doarpshûs te krijen. Op it stuit wol stifting Doarpshûs MynSkip dat der in Multyfunksjoneel Sintrum (MFC) komt, dêr't ûnder oare de basisskoallen en in sportfoarsjenning yn komme.
Ljochtsjes by it gemeentehûs as stipe foar it doarpshûs fan Feanwâlden © Omrop Fryslân, Evert van den Berg
Nije skoalgebouwen mei eventuele gymsealen moatte der nammentlik dochs komme: dy sille yn 2024 boud wurde. It like derop dat it plan trochgean soe doe't de gemeente yn 2017 lang om let mei 990.000 euro kaam foar it plan.
Nei in protte gedoch mei de subsidzjes yn 'e ôfrûne jierren, waard besletten dat de gemeente it dochs foarearst noch net betellet.
Benijd mei hokker partij jo stânpunten oerien komme? Klik hjir foar de stimwizer.
Allinne it CDA en Sociaal Links beneame de situaasje mei it MFC spesifyk. It CDA set yn op in "breed gedragen plan voor een MFC yn Feanwâlden".
Sociaal Links wol ek meiwurkje: sy wolle "sa gau as mooglik in nije brede skoalle realisearje, yntegraal mei in doarpshûsfunksje en sportfoarsjenningen."
Christenunie en SGP ûnderstreekje it belang fan de nijbou fan de skoallen en oare foarsjenningen yn Feanwâlden, mar de partijen geane fierder net yn op it plan fan it MFC. De SGP stelt foar om in mearjierreplan yn it algemien te meitsjen foar maatskiplik ûnreplik guod.

Behâld fan foarsjenningen

BVNL fynt dat doarpshuzen wichtich binne as moetingsplak foar bewenners mar de partij seit fierder neat konkreets oer dizze kwestje. De oare partijen beneame dit net yn harren programma's.
Mear gemeenten hawwe muoite mei in tekoart oan foarsjenningen of it behâld dêrfan. Regelmjittich komt út in doarp wei it lûd foar in MFC. Gemeenten ha dêr lykwols faak net it jild foar. Yn in doarp as Twizelerheide, yn de gemeente Achtkarspelen, wrakselet it doarpsbelang dêr bygelyks al jierren mei.