Legindaryske oeriik fan Bosbergtoer Appelskea is ien stam kwyt

De iuwenâlde iik yn de Bosbergtoer yn Appelskea hat flinke skea oprûn troch stoarm Eunice. De beam stekt mei fjouwer stammen út it 30 meter hege dún, dêr't de útkyktoer op stiet, mar no is der ien stam folslein ôfbrutsen.
Geert Veen en Lysander van Oosanen oer de iik:
"Gelukkig hebben we nog drie stammen over van die oude boom", seit Geert Veen fan de Historische Vereniging Appelscha. "Het is niet een verschrikkelijke ramp. Het is wel zonde, maar tegen de natuur kun je niks beginnen."

De leginde is wier

Noch mar goed seis jier lyn die bliken dat de âlde leginde wier wie: alle fjouwer stammen út de bult komme fan deselde iik, dy't foar de rest bedobbe is ûnder it sân. Alden fertelden bern dit folksferhaal al jierren en jierren. Mar it die yndie bliken dat it om in ûndergrûnske oeriik gie dy't al grif 300 jier, mar miskien noch wol âlder is.
Op in kaart fan 1664 steane al dunen tekene yn it gebiet, fan de Bosberg sels wurdt foar it earst yn 1727 melding dien. Om 1850 hinne makke de boaiemkundige W. Staring al melding fan 'eenen aanzienlijke eik', dy't dus foar in grut part troch sân ûnderstood is.

Steatsboskbehear siket doel foar hout

Eigener Steatsboskbehear wol it hout fan de beam net samar fersnipperje en siket in oplossing. "Ik heb een oproep gedaan om te kijken of we iemand kunnen vinden, die wat kan met de jonge takken die er nog in zitten", lit boskwachter Lysander van Oosanen witte.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
"Het is geen officieel monument, maar wel een hele bijzondere boom. Het is zonde dat 'ie zo aan z'n einde komt", seit Van Oosanen.

Help socht foar feilichstellen DNA

"Misschien dat we ze kunnen enten op andere eiken, dat we daar de wortelstok van pakken. Dan zouden we die eiken met het DNA dat je dan bewaart op andere plekken in het bos kunnen planten", seit hy. Sels hat Van Oosanen gjin doel oer it intsjen en it feilichstellen fan it DNA.
Stikkene stam fan de iuwenâlde iik © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Fierder siket Steatsboskbehear ek in houtkeunstner dy't wat moais meitsje kin fan it hout fan de ôfbrutsen stam fan de mytyske ikebeam.