Paus befêstiget hillichferklearring Titus Brandsma nije wike freed

Paus Franciscus hâldt nije wike freed in gearkomste dêr de proseduere foar de hillichferklearring fan pater Titus Brandsma yn befêstige wurdt. Dat bart yn in saneamde konsistoarje, in gearkomste mei kardinalen.
Titus Brandsma (1881-1942) © Omrop Fryslân
Koart nei dy gearkomste wurdt dan de datum fan de hillichferklearring bekend makke. Ein novimber waard dúdlik dat de hillichferklearring fan de Fryske pater Titus Brandsma deroan sit te kommen. De paus joech der doe offisjeel tastimming foar.
Pater Titus Brandsma waard yn 1881 berne yn Oegekleaster by Boalsert. Hy ferstoar yn 1942 yn it konsintraasjekamp Dachau.