Waadhoeke wol mear wenromte foar jongelju en arbeidsmigranten

Mei in fjouwerstappeplan wol gemeente Waadhoeke derfoar soargje dat jongelju en arbeidsmigranten yn de gemeente wenjen bliuwe. Dat bart ûnder oaren troch leechsteande gebouwen geskikt te meitsjen foar bewenning.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De gemeente wol yn byld bringe hokker gebouwen yn de gemeente op it stuit leechsteane en wêr't minsken wenje kinne. "Ut de doarpen wei hearre we hiel dúdlik dat se de jongerein fêsthâlde wolle, mar dat dy op it stuit gjin plakje krije kinne", seit wethâlder Nel Haarsma fan gemeente Waadhoeke.

Wenmerk op syn kop

It wenningtekoart spilet lykwols ek foar arbeidsmigranten út de glêstúnbou, en sels foar âlderein is it net altiten ienfâldich om in plakje te finen. De wenmerk stiet op syn kop, seit Haarsma. "De ried fan gemeente Waadhoeke hat ús oproppen om in fersnelling op gong te bringen."
Haarsma leit út: "As we tinke: dit is hiel geskikt foar de doelgroepen, dan sille we besjen oft we der in partij foar fine kinne dy't it dan ferhiere wol. As we in lokaasje yn byld ha, kinne we it beprate mei doarpsbelang en omwenners."

Leechsteande basisskoalle yn Froubuorren

Yn Froubuorren waard earder al in leechsteande basisskoalle opkocht troch in ûntwikkelder, dy't dêr starterswenten yn makke hat. "Dat wurket hiel prima", seit Haarsma.
Nel Haarsma (argyfbyld) © Omrop Fryslân
Dochs kinne net alle gebouwen altyd brûkt wurde en binne der oanpassingen nedich yn de bestimmingsplannen om it foarinoar te krijen, mar by in âld skoalgebou is it minder yngewikkeld, seit Haarsma. "In skoalgebou hat faak in maatskiplike bestimming. As je fan maatskiplik nei wenjen geane, soe it net in al te yngewikkelde proseduere wêze", seit de wethâlder.

'Wenningkorporaasjes ferliede'

"It kolleezje hat frege: meitsje in plan om te sjen nei wat de mooglikheden binne." Dêrom wol de gemeente ek sjen nei de startersliening en moatte der nijbouprojekten komme. De gemeente wol wenningkorporaasjes boppedat ferliede om nije wenten oan starters oan te bieden. Al dizze maatregels moatte derfoar soargje dat de jongerein yn Waadhoeke bliuwt.
Nel Haarsma oer de wenplannen yn gemeente Waadhoeke
"Dat fine wy wol wichtich", seit Haarsma. "Wy rjochtsje ús op ûnderwiis, ûndernimmers en oerheid om jongelju hjir fêst te hâlden. Dan moatte se fansels wol earne wenje kinne."