FIDEO: Trouwe op 22-02-2022, dat is maklik te ûnthâlden
It is neist in opfallende datum ek in palindroom: 22-02-2022. Dat makket it in populêre troudei: allinne yn Snits waard tiisdei al njoggen kear it jawurd jûn. Sa ek Gjalt Dijkstra en Marjolein Zijlstra: sy hawwe eksakt 11 jier ferkearing. En dêrneist, seit Gjalt: "It is maklik om te ûnthâlden."