Ynternasjonale dielnimming oan earste Visit Friesland Elfsteden Race

De earste ynternasjonale Visit Friesland Elfsteden Race set snein 6 maart útein mei in protte ynternasjonale dielnimmers. It is benammen foar jonge proffytsers in goede gelegenheid om har sjen te litten.
Rûte Elfsteden Race © Merk Fryslân
Likernôch de helte fan de ploegen komt út it bûtenlân. It giet bygelyks om Sport-Vlaanderen-Baloise en de kontinintale ploegen Bingoal WB Development Team, Elkov-Kasper fan Tsjechië en X-Speed United fan Kanada.
De nasjonale ploech fan Eastenryk docht ek mei oan de Alvestêdetocht foar hurdfytsers, dy't 6 maart foar it earst ferriden wurdt.

Opliedingsploegen fan Jumbo-Visma

Ut Nederlân wei komme de opliedingsploegen Jumbo-Visma en DSM. Fierder dogge oan de race alle Nederlânske UCI-teams mei.
Organisator Thijs Rondhuis fan Courage Events is tige wiis mei de list dielnimmers. "Het is een mooi evenwichtig veld", sei hy. "De kans is groot dat jonge talenten hier direct hun visitekaartje af willen geven richting de profteams en willen laten zien goed ze uit de winter zijn gekomen."