Syktocht nei konteners yn Noardsee moat noch wachtsje

It duorret noch in pear dagen foardat in berger op syk sil nei de konteners dy't fan it wykein oerboard slein binne op de Noardsee boppe Flylân. De omstannichheden litte it no noch net ta.
Argyfbyld fan earder oerboard sleine konteners © Kustwacht
It skip Marcos V ferlear sneontemoarn 26 lege konteners op de Noardsee. It barde yn of flak nei de nacht mei de swiere stoarm Eunice. It skip fear yn súdlike rjochting fan Bremerhaven nei Rotterdam.
Rederij Noordgat op Skylge hat de opdracht krigen om op syk te gean nei de konteners. Troch ûnder oare de hege weagen slagget dat no noch net. "Maar dat wordt nauwlettend in de gaten gehouden", seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. "Zodra het kan, zullen ze van start gaan met het bergingsproces."

Berekkenje

It is net dúdlik wêr't de konteners krekt binne. De Kustwacht koe se dit wykein net fine.
De rederij sil útsykje wêr't se wêze kinne. "Eerst wordt gekeken naar waar de containers vermoedelijk verloren zijn gegaan. Daarna worden er verspreidingsmodellen gemaakt, om te berekenen waar ze nu zouden kunnen zijn."