Liveblog | 22 febrewaris 2022

Coronanijs 22 febrewaris: Lanlik 34.638 nije besmettingen | NEF ferlinget regeling terrasútwreiding

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn it noarden wurde yn ferhâlding de measte coronagefallen fêststeld;
  • Tiisdei binne der yn Fryslân 1.733 coronabesmettingen meld;
  • Gemeente Noardeast-Fryslân ferlinget tydlike regeling terrasútwreiding;
  • It tal oernachtingen yn Fryslân lei yn 2021 op itselde nivo as foar de krisis;
  • Der leine moandei 42 pasjinten mei COVID-19 yn de Fryske sikehuzen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 22 febrewaris 2022, 22:27
22:26

Ein fan de liveblog

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
17:48

Raad van State: tydlike coronawet kin net folle langer ferlinge wurde

It momint wêrop't de tydlike coronawet net mear ferlinge wurde kin komt tichter by, seit de Raad van State yn in nij advys.
De Tijdelijke wet maatregelen Covid-19 (Twm) is de juridyske basis foar de coronamaatregels en moat elke trije moannen ferlinge wurde. De wet rint oant 1 maart, it kabinet hat al oanjûn de wet noch oant 1 juny ferlingje te wollen. De ried hat begryp foar it ferlingjen, mar freget ek wannear 't er wol of net mear sprutsen wurde kin fan in krisissituaasje. "De vraag is wanneer nog sprake is van een 'directe dreiging' en op welk moment de huidige crisis overgaat in een (min of meer) normale situatie."
Neffens de ried moat de besteande Wet publieke gezondheid (Wpm) "zo snel mogelijk" oanpast wurde, sa't de tydlike wet net mear nedich is.
17:24

Measte coronagefallen wurde yn it noarden fêststeld

Yn it noarden wurde yn ferhâlding de measte coronagefallen fêststeld. Neffens it RIVM komt dat trochdat de noardlike provinsjes de ôfrûne tiid krekt de minste besmettingen hiene. Oare parten fan it lân hiene yn de ôfrûne moannen in protte positive tests en dêr binne no mear minsken ymmún foar it coronafirus.
Neffens berekkeningen fan it RIVM wie ôfrûne wike yn Fryslân ien op de fjirtich minsken besmet mei it coronafirus. Rotterdam-Rijnmond hie yn ferhâlding de minste besmettingen. Dêr giet it om ien op de tachtich minsken.
16:54

Hieltyd minder minsken helje in boosterprik

De delgong yn it tal minsken dat in boosterprik tsjin it coronafirus set troch. Yn de ôfrûne wike krigen hast 65.000 minsken sa'n prik, dy't de beskerming tsjin it coronafirus ferbetterje moat. It is leechste tal sûnt novimber.
In moanne lyn waarden mear as ien miljoen nije prikken de wike set. Hast 8,8 miljoen folwoeksenen ha no in boosterprik helle. Dat is 61,5 persint fan alle Nederlanners dy't 18 jier of âlder is.
In frou krijt in faksinaasje © Omrop Fryslân
16:21

Reproduksjegetal op leechste nivo sûnt july

It coronafirus ferspriedt hieltyd minder gau. It reproduksjegetal is sakke nei 0,83, dat betsjut dat elke 100 besmette minsken yn trochsneed 83 oare minsken besmette. Dat betsjut dat it tal besmettingen nei ferrin fan tiid sakket.
Ferline jier yn july wie it reproduksjegetal op syn heechst: yn de 'dansen met Janssen'-besmettingsweach kaam it reproduksjegetal op 3,02 út.
16:08

Tal besmettingen rinne rap werom en ek minder sikehûsopnames

De omikrongolf fan it coronafirus nimt rap ôf. Yn de ôfrûne sân dagen binne der 310.044 positive testútslaggen registrearre. Dat is 37 persint minder as in wike earder, medlt it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM). Is ek it leechste tal positive testen yn ien wike fan de ôfrûne fiif wiken.
It tal positive tests sakket dêrmei foar de twadde wike op rige. "De daling in de besmettingsgolf lijkt ingezet", konkludearret it RIVM dan ek.
Yn de ôfrûne wike rekken 1214 minsken yn it sikehûs mei it coronafirus. It is in delgong fan 12 persint yn ferliking mei in wike earder.