54-jierrige fisker begjint opnij: "De ien keapet in Harley, ik keapje dit"

De 54-jierrige Peter Bron - berne yn Starum, wenjend yn Molkwar - is in 'weryntreder' yn de Starumske fiskerij. Dit jier fart hy foar it earst wer út.
In nij begjin foar Peter Bron:
"De see lûkt", seit Bron. "Ik siet yn de gasliedingen, mar dêr sjoch ik net safolle takomst mear yn. Yn de fiskerij wol." Syn kar is opmerklik, om't net eltsenien wiis is mei fiskerij. In soad miljeu-organisaasjes stride tsjin it oerbefiskjen fan de see.
Gjin probleem, neffens Bron: "Ik haw passive fiskerij kocht. Dêr sit gjin boaiemberoering by. It regear wol dat ferbiede, mar dêr haw ik dus gjin lêst fan."
Peter Bron mei syn boat © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
It fiskjen hat neffens Bron wat dat oare beroppen net hawwe: "Bist hielendal frij. Je kinne 30 kilometer frij om je hinne sjen en der is neat oars as wetter."
Bron gie al fan syn achtste jier ôf mei de Iselmar op. "Letter haw ik sa'n fjouwer jier as beropsfisker wurke. Dat gefoel is nea fuortgien, it kribele wer."
Peter Bron tusken de Starumer fiskers © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De kollega's yn Starum fine it moai dat Bron op dizze leeftiid wer begjint mei fiskjen: "Ferline jier is de lêste fisker fan myn soart ophâlden. Sy binne dêrom bliid dat der wer ien by is. De earste bestellingen foar farske fisk binne al binnen."
Peter Bron oer syn nije fiskaventoer
Yn Bron syn omjouwing waard der wol gek nei sjoen, mar dat makket him neat út: "De ien keapet in Harley-Davidson, ik keapje dit. Je moatte dochs wat."