Wim de Ron oer keeperswiksel Hearrenfean: "Totaal geen logische keuze"

It is foar âld-keeper Wim de Ron ûnbegryplik dat Erwin Mulder de nije earste doelman is fan sc Hearrenfean. Mulder krijt de foarkar boppe Xavier Mous, dy't passearre is troch trainer Ole Tobiasen.
Wim de Ron keepte mear as 250 wedstriden yn it betelle fuotbal foar PSV, SC Cambuur en RBC Roosendaal.

Kritysk

Hy is yn de SportCast fan Omrop Fryslân kritysk op it beslút fan Ole Tobiasen. "Mulder heeft ook geen beste periode gehad voor zijn blessure. Welk vertrouwen moet Mulder dan krijgen? Alleen omdat hij een band om zijn arm heeft? En omdat hij een iets betere uitstraling heeft?"
De Ron: "Terwijl Mous toch een aardige periode heeft gehad. Hij heeft wel een flater gemaakt, maar die maakt iedereen. Die heb ik er zelf ook zat gemaakt. Ik vind het totaal geen logische keuze."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De Feansters ferlearen snein mei 3-1 fan PSV. Neffens De Ron seach Mulder der by twa goals net sterk út en makke er gjin oertsjûgjende yndruk. "De tweede goal wordt van richting veranderd, maar zijn hand zit achter de bal. Dan moet je 'm hebben."
By de tredde tsjintreffer spile Mulder yn de opbou Nicolas Madsen yn. Dy rekke de bal kwyt. "Die derde moet je niet in de midden inspelen als je er zo'n tijd uit bent geweest. Dan moet je 'm gewoon naar voren schieten. Al moet die speler hem wel goed aannemen. Maar dat risico moet je niet nemen met die stand, net na rust."

Goede faze yn de earste helte

Sportferslachjouwer Andor Faber dy't kommentaar joech by it duel fan Hearrenfean seach in goeie faze yn de earste helte. "Ik fûn Hearrenfean prima ûnder de druk fan PSV út fuotbaljen. Se makken einliks wer in doelpunt, mar je ferlieze him yn fjouwer minuten nei it skoft."
Yn De Kuip yn Rotterdam siet sportferslachjouwer Geert van Tuinen by de wedstriid fan Cambuur. "Dat wie de mindere fan Feyenoord, mar mei it each op de oanpassing op it middenfjild wie de saak better ûnder kontrôle yn ferdigenjend opsicht. Yn dat ljocht kinne je tefreden wêze."