Nije ynfolling gemeentehûs

23 nov 2011 - 10:04

Nei jierren fan praten en politike mieningsferskillen moat it dochs noch goed komme mei in nije ynfolling fan it âlde gemeentehûs yn Kollum. Dat tinkt wethalder Hilbrand Visser. Foaral de gebouwen achter it âlde gemeentehûs binne al jierren in probleem. Alle ruten binne tichtspikere en de âlde gemeentetún leit der fertutearze by. Soarchgroep Talant en in projektûntwikkelder wolle kantoaren en 30 huzen foar handikapten bouwe op dat plak, mar hieltyd binne der wer tûkelteammen.

It liket der no op dat de plannen trochgean kinne, al bliuwt it ek no spannend.

Trefwurden: 
Kollum gemeentehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)