RIVM meldt 1.990 nije coronabesmettingen, 11 sikehûsopnames

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1.990 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 2.540. Snein lei it op 2.695 besmettingen, in wike lyn op 5.810.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne alve Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Eaststellingwerf (3), Achtkarspelen (2), Ljouwert (2), en ien ynwenner fan de gemeenten Opsterlân, Weststellingwerf, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 36.038. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 46.998.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.