Stoarmen hâlde Fryslân yn har greep: skea noch lang net fuort
Foar de sechsde dei op rige is op minstens ien fan de offisjele KNMI-mjitpunten in oere lang gemiddeld wynkrêft 9 metten. Dat is in rekôr. De stoarmen Dudley, Eunice en Franklin hâlde Fryslân yn har greep.
Op ferskate plakken yn Fryslân is de skea nei it swiertepunt fan freedtejûn noch net fuort. Bygelyks yn Sint-Anne, dêr't de gevel fan in rychjeshûs oan de Willem Lodewijkstraat fuortfage is.
"Ik ben me wezenloos geschrokken", seit ien fan de bewenners, Wendy Nijenhuis. "Ik had net de kinderen op bed gelegd. Zelf ging ik tv kijken en opeens hoorde ik een dikke knal. Toen ik uit het raam keek lagen er allemaal bakstenen op de grond."
"Dan schrik je wel"
As earste hat se har jongste bern fan bêd helle. "Die ligt tegen die muur aan. Toen ging ik naar beneden en zag ik de schade. Dan schrik je wel."
De skea is net allinnich oan it gebou: de stiennen binne rjocht op de auto fallen dy't op de oprit stie. "Ik was net ervoor aan komen rijden. Gelukkig is het toen niet gebeurd."
En der is mear skea. "Dakpannen, de schutting, de schutting van de buren, een zandbak. Gelukkig zijn er geen gewonden gevallen."
Ekstra alert
De oannimmer hat dit wykein del west. "Die hebben de dakpannen er nog afgehaald, want die zaten los. Het is niet erger geworden, maar je hoort binnen de wind heel erg. Je bent dus extra alert."
Yn Fryslân jildt moandei wer koade giel fanwege de hurde wyn. It KNMI riedt oan wach te wêzen tusken 10.00 en 18.00 oere.