Liveblog
|
21 febrewaris 2022
Coronanijs 21 febrewaris: 42 pasjinten yn Fryske sikehuzen | 1.990 besmettingen
Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:
- It tal oernachtingen yn Fryslân lei yn 2021 op itselde nivo as foar de krisis;
- Der lizze moandei 42 pasjinten mei COVID-19 yn de Fryske sikehûzen;
- Der waarden minder poppen dea berne as de mem in besmetting hie mei de omikronfariant yn stee fan de deltafariant;
- Moandei binne der 1.990 nije besmettingen yn Fryslân fêststeld.
Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.
Lêst bywurke: 21 febrewaris 2022, 22:11
22:00
De ein fan de liveblog
Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
17:58
CNV wol rjocht op thúswurkjen
Goed 90 persint fan de thúswurkers wol nei de coronakrisis ek thúswurkjen bliuwe. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it fakbûn CNV ûnder tûzen thúswurkjende leden.
Wurkjouwers freegje oan de oare kant ien op de trije thúswurkers om wer nei it kantoar te kommen as it thúswurkadvys ferfalt. "Op himsels is it wol logysk, no't freed alle maatregels ferromme wurde", seit foarsitter fan it CNV Piet Fortuin. "Mar it is ek de fraach wat wurknimmers sels wolle, en út ûndersyk komt nei foaren dat dat hybride wurkjen bêst befalt."
16:43
Hieltyd minder minsken litte harren teste
It tal ôfspraken foar in coronatest by de GGD's en de kommersjele teststrjitten giet nei ûnderen. Hieltyd minder minsken litte harren teste om te sjen oft se besmet binne mei it coronafirus.
Yn de ôfrûne wike fierde de GGD 523.890 testen út. Sûnt de jierwiksel lei dat oantal net sa leech.
15:44
Drokte by hûnepensjons
It is ekstra drok yn de bistepensjons om't in protte minsken yn de coronakrisis in hûn oanskaft hawwe en no sûnder it bist op fakânsje wolle.
"Veel mensen gingen thuiswerken en wilden gezelschap om zich heen. Dus zijn er veel honden aangeschaft. We hebben het superdruk in de dagopvang en de crèche", seit Lucelien van Koppen fan in bistepensjon yn Pijnacker tsjin Omroep West.
Neffens Van Koppen hawwe hûnen dy't yn de coronapandemy kocht binne faak gedrachsproblemen. "De hond is gewend dat de baas of bazin altijd thuis was en nu er weer meer op kantoor wordt gewerkt, zit de hond alleen. Dat is hij niet gewend, dus er wordt wat afgeblaft."
15:18
1.990 nije coronabesmettingen yn Fryslân, lanlik 36.038 besmettingen
It RIVM meldt moandei 1.990 nije coronabesmettingen yn Fryslân. It binne der 86 mear as snein. Doe waarden 1.904 besmettingen registrearre.
Lanlik binne der 36.038 nije besmettingen fêststeld.
14:39
Underwiisbûn krijt goed 700 meldingen oer langduorjende coronaklachten
Underwiisbûn AOb hat yn de ôfrûne wike rom 700 klachten krigen fan ûnderwiismeiwurkers dy't te krijen hawwe mei langduorjende klachten troch it coronafirus. It bûn warskôget dat minsken dy't yn de earste coronaweach besmet rekken, mooglik arbeidsûngeskikt ferklearre wurde. It bûn fynt dat der foar harren in tredde syktejier komme moat.
"Over long covid is nog te weinig bekend: niemand weet op welke termijn je kunt verwachten dat mensen weer helemaal beter zijn. Geef degenen die het nodig hebben een extra jaar, zodat ze nog alles op alles kunnen zetten om te herstellen en te re-integreren. En werkgevers moeten hier zo nodig voor gecompenseerd worden", seit foarsitter Tamar van Gelder.