Achtkarspelen, de iennige Fryske gemeente dêr't PVV en FvD beide meidogge

Komt dy fúzje mei Tytsjerksteradiel der no wol of net? En wa wint de slach op rjochts, PVV of FvD? Wat wis is, is dat de gemeenteriedsferkiezings yn Achtkarspelen spannender as oait wurde.
© Omrop Fryslân
Sûnt 2014 ha Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel al in gearwurkingsferbân, yn de foarm fan de wurkmaatskippij 8KTD. Dit betsjut dat beide wol har eigen gemeenteried, kolleezje fan boargemaster en wethâlders, griffier en gemeentesekretaris hawwe.
De gemeenten moatte har no beriede op de takomst. De opsjes binne om wer apart te operearjen, troch te gean mei de gearwurking of te fusearjen. By in fúzje soene de besteande gemeenten opheft wurde en fierder gean as ien gemeente.
Foar it grutste part binne de te ferkiezen partijen tsjin: Gemeentebelangen, FNP en PVV stelle bygelyks in har ferkiezingsprogram dat se foar gearwurking binne, mar in fúzje te fier gean fine.

GroenLinks en VVD as iennigen foar fúzje

De PVV fynt bygelyks dat de identiteit en de minsklike skaal behâlden wurde moat. It CDA seit hjiroer dat de gearwurking trochûntwikkele wurde moat, mar dat Achtkarspelen selsstannich bliuwe moat. Ek de praktyske oerwaging dat de gemeente net te fier fuort moat wêze foar de ynwenner komt by meardere partijen foarby.
GroenLinks en VVD binne as iennigen hielendal foar de fúzje. GroenLinks stelt dat 'in gemeente mei ien wurkjouwer soarget foar dúdlikheid, stabiliteit en in duorsumer systeem'. De VVD wie fjouwer jier lyn noch tsjin in fúzje, mar no foar. Oare gemeenten wurde grutter en krije dêrmei mear slachkracht, skriuwt de partij. Dat hat ta gefolch dat Achtkarspelen him minder profilearje kin.
De ChristenUnie en PvdA litte de kwestje wat mear iepen. ChristenUnie is op it stuit tefreden mei de gearwurking, mar skriuwt dat as de kwaliteit fan de tsjinstferliening better wurdt troch de fúzje, se it net útslute. PvdA wol it beslút dellizze by de ynwenners fan de gemeente.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet yn elke gemeente en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Achtkarspelen is de iennige Fryske gemeente dêr't de PVV meidocht dizze ferkiezings. Fjouwer jier lyn hat de partij krekt ien sit binnensleept, mar yn de ferkiezings dêrop binne se populêrder wurden. Mei de Twadde Keamerferkiezings yn 2021 waard de partij twadde yn de gemeente mei 17,7 prosint fan de stimmen.

Konkurrinsje tusken PVV en FvD

Oft dizze line trochset yn dizze ferkiezings is ûnwis. Nei alle gedachten sil de PVV dit jier konkurrinsje ûnderfine fan Forum voor Democratie. FvD hat gjin ferkiezingsprogram nei bûten brocht, mar wol dúdlik is dat se gjin coronamaatregels mear wolle yn de gemeente.
Ut de lanlike polityk wei ha it CDA en D66 in oprop dien om net gear te wurkjen mei PVV of FvD. CDA Achtkarspelen hat al oanjûn dat se gjin gearwurking wolle. "Partijen as FvD en PVV slute harsels út fan in gearwurking mei it CDA troch groepen minsken op har ôfkomst te beoardieljen en te feroardieljen", seit listlûker Jouke Spoelstra.

VVD: goeie ûnderfining mei PVV

Neffens listlûker Yde van Kammen fan de FNP is it lestich om partijen út te sluten, mar ha hy en syn partijgenoaten al wol besletten net mei PVV of FvD yn in kolleezje te gean, omdat de stânpunten fan de partijen te fier út inoar lizze.
VVD en GemeenteBelangen slute de gearwurking net út. VVD seit dat se mei de PVV yn 'e ôfrûne fjouwer jier goeie ûnderfiningen hân hawwe.
De dielname fan PVV en FvD is foar de Anti-Fascistische Actie Fryslân (AFA-Fryslân) reden om ûnder oare yn Achtkarspelen aksje te fieren tsjin rasisme en fassisme. Yn it bestjoerssintrum Bûtenpost en de wenplakken fan de listlûkers van PVV en FvD Gerkeskleaster-Strobos en Boelensleane sille se 'bewustwordingsacties' útfiere.
© Omrop Fryslân
Op de ferkiezingsdei sil Achtkarspelen mei de gemeente Tytsjerksteradiel in 'stemtruck' ynsette op ferskate lokaasjes om de drompel om te stimmen te ferleegjen. De oldtimer-frachtwein sil foaral stean op de lokaasjes dêr't in protte jongerein komt, lykas it stasjon fan Hurdegaryp en winkelsintra. Yn de truck kinne alle minsken stimme.
De opkomst fan jongerein is by de gemeenteriedsferkiezings faak leech. Oer it generaal is dizze groep minder dwaande mei tema's dy't de lokale polityk oangiet. De gemeenten hawwe jongerein sels belutsen by it proses om mear jonge kiezers oan te lûken. Der sille bygelyks ek flyers ferspraat wurde.
Benijd mei hokker partij jo stânpunten oerienkomme? Klik hjir foar de stimwizer.