UNIS Flyers winne fan Luik yn BeNeLeague

De UNIS Flyers ha yn Thialf de kompetysjewedstriid fan Luik wûn mei 3-1. Dêrmei binne se de iennige ploech út de kompetysje dy't dit jier noch net ferlern hat op it iis.
© Martin de Jong Fotografie
It earste doelpunt waard al nei in minút makke troch Lars den Edel fan de Flyers. Dêrnei hat it spul even stillein omdat in lampe boppe it iis rekke wie troch in opsjittende puck. De diggels moasten opromme wurde.
Marc Nijland makke it twadde doelpunt. Hy koe fuortsprinte troch de Luikse ferdigening. Luik makke de oanslutingstreffer, mar mei noch minder as in minút te gean skoarde Pippo Limnell empty net de 3-1. Dat waard de einstân.
De iishockeyers fan de UNIS Flyers meitsje har no op foar de bekerfinale. Dy is kommende snein yn Den Haag.