Hearrenfean skoart foar it earst wer, mar wint net fan PSV

Hearrenfean hat mei 3-1 ferlern fan PSV. It iennichste Fryske doelpunt kaam op namme fan Tibor Halilovic. It wie it earste doelpunt fan de Fryske klup yn sân wedstriden.
© ANP
De iepeningstreffer fan de wedstriid kaam op namme fan Noni Madueke fan PSV. Hy stie op it goede momint op it goede plak, en krige de bal fanút in rebound yn it strafskopgebiet. Syn skot fleach yn de rjochterboppehoeke. Nei trettjin minuten wie it 1-0.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Woudenberg; Madsen (87/Tahiri), Haye (87/Ras), De Jong (72/Al Hajj), Halilovic (81/Van der Heide); Van Hooijdonk (72/Misaba), Sarr.
Hearrenfean kaam noch wol op likense hichte, troch in doelpunt fan Tibor Halilovic, healweis de earste helte. It wie de earste goal fan Hearrenfean sûnt desimber. Sa koene de beide ploegen mei in likense stân it skoft yn.
De earste kâns fan de twadde helte waard direkt fersulvere troch Mario Götze. Dy skeat de bal fan de râne fan it 16-metergebiet perfekt de goal yn, bûten berik fan doelman Mulder.
Joey Veerman joech syn âlde klup de genadeklap. Fjouwer minuten nei it doelpunt fan Götze sette hy de 3-1 op it skoareboerd.