Berne-opfang Tytsjerk mooglik hiele wike ticht troch stoarmskea

Yn de nacht fan freed op sneon is de bitumen dakbedekking fan berne-opfang Kinderwoud yn Tytsjerk ôfwaaid. Troch de skea bliuwt de berne-opfang mooglik de hiele wike ticht.
© Noordernieuws
De bitumen dakbedekking waaide om 22.00 oere hinne fan it dak fan de berne-opfang. De dakbedekking kaam telâne op it boartersplak. De brânwacht kaam freedtejûn lykwols net yn aksje, fanwegen it grutte tal meldingen yn de provinsje troch de stoarm Eunice.

It bestjoer hat de skea sneontemoarn fierder opmakke: troch de rein is der ek sprake fan wetterskea oan muorren en plafonds. It dak fan de berne-opfang is snein fierder ôfdutsen troch in oannimmersbedriuw. Neffens de lokaasjemanager sil moandei dúdlik wurde hoe grut de skea krekt is.

Mooglik de hiele wike ticht

Mooglik bliuwt de berne-opfang de hiele wike ticht, dêroer binne de âlders fan de bern op de hichte brocht. De 20 oant 30 bern dy't dizze wike nei de opfang komme soene, wurde foarearst opfongen yn 't Arendsnêst yn Hurdegaryp.