Aant Jelle Soepboer (FNP): "Lanlike polityk besiket lokale ferkiezingen te kapen"

"In soad partijen op links én rjochts besykje de riedsferkiezingen te kapen mei ûnfrede op lanlike tema's. Kap dêr mei!"
Aant Jelle Soepboer, Ronald Westenberg, Jan Willem Sietsma en Mariska Wieringa © Omrop Fryslân, René Koster
Dy oprop die Aant Jelle Soepboer yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Soepboer is FNP-listlûker yn Noardeast-Fryslân en hat skjin syn nocht fan dizze praktiken om't er fynt dat lokale ferkiezingen oer lokale tema's gean moatte.
It moat gean oer wenningbou yn doarpen en stêden, oer al of gjin brêge en oer wol of gjin blauwe papierkontener, fynt Soepboer. "Dát binne ús tema's en dêr gean wy ek oer."
De FNP'er krige stipe fan de beide oare lokale listlûkers, Ronald Westenberg fan D66 Weststellingwerf en Jan Willem Sietsma fan CDA Tytsjerksteradiel.

Persoanlik oansprutsen

Westenberg waard nei it flyerjen op strjitte persoanlik oansprutsen op it coronabelied fan syn partij. "Jullie spreken van vrijheid in jullie verhalen, maar vergeten dat niet-gevaccineerden door jullie toedoen op de reservebank zitten en niet echt mogen meedoen. Maar ja, politici hebben wel vaker last van een slecht geheugen."
Westenberg hat dy man wiidweidich antwurde. Mei as konklúzje dat hy it as demokraat spitich fynt, dat der yn syn gemeente gjin partij meidocht wêrby't dizze kleier him thúsfiele sil. "Kennelijk heeft niemand die moed gehad."

Unbetroubere skoft

CDA-listlûker Jan Willem Sietsma fan Tytsjerksteradiel fernimt ek dat lanlike frustraasjes oer de polityk en de politisy by harren dellein wurde. Sa waard hy by it folderjen al oansprutsen mei de wurden 'Jo binne in ûnbetroubere skoft'.
It hâldt him en oare lokale politisy net tsjin om op te kommen foar de belangen fan harren boargers op lokaal nivo. "Wy strûpe de mouwen op en gean foar in goeie opkomst op 14, 15 en 16 maart en gean dan wer fjouwer jier hurd oan it wurk."
Fragmint út it Nijsfoarum fan Buro de Vries