Cambuur makket it even spannend yn Rotterdam, mar Feyenoord wint

De earste wedstriid dy't Cambuur wer yn in fol stadion spylje mocht, einige puntleas foar de Ljouwerters. In kertier foar de ein stiene de measte basisspilers al net mear op it fjild.
© Orange Pictures
Cambuur kaam al betiid op foarsprong, mar de weelde duorre net lang.
Tom Boere iepene de skoare neidat er mei in solo yn minút 17 troch de Rotterdamske ferdiegening glipte, mar binnen tsien minuten makke Luis Sinisterra wer lyk.
Opstelling SC Cambuur: Stevens; Schmidt (63/Tol), Mac-Intosch, Schouten, Bangura; Paulissen (68/Jacobs), Hoedemakers (77/Ter Heide), Maulun; Kallon, (77/Doodeman) Boere (62/Breij) en Joosten (77/Sambuissa).
Flak foar it skoft kaam de thúsploech op 2-1, troch in gelokkich doelpunt fan Orkun Kökcü. Syn skot feroare fan rjochting en Sonny Stevens koe de 2-1 net foarkomme.
Oan it begjin fan de twadde helte sette Luis Sinisterra de boel op slot mei syn twadde doelpunt fan de wedstriid. Hy kontrolearre knap en skeat de bal fia de peal yn de linker-boppehoeke. Einstân: 3-1.

Seis wiksels

By it lêste fluitsinjaal stiene der fan de basis-alve noch mar fiif op it fjild. Behalve Sonny Stevens, Calvin Mac-Intosch, Erik Schouten, Alex Bangura en Robin Maulun wie it folsleine alvetal wiksele: seis man yn totaal.
Fiif wiksels binne no tastien, yn trije wikselmominten, om de spilers mear rêst te jaan no't fanwege it coronafirus de wedstriden soms flak nei mekoar spile wurde.
Ien ekstra wikel mei dien wurde as der in spiler fan it fjild giet, dy't mooglik in harsenskodding oprûn hat. By Cambuur gong Tom Boere mei in blessuere fan it fjild.