Liveblog | 20 febrewaris 2022

Coronanijs 20 febrewaris: Test- en faksinaasjelokaasjes opnij earder ticht

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Snein wiene der 1904 nije coronagefallen yn Fryslân, sa hat it RIVM fêststeld;
  • 1,8 miljoen coronatests op Olympyske Spelen soargen foar 437 positive útslaggen;
  • De Gezondheidsraad advisearret in twadde boosterprik foar âlderein en risikogroepen;
  • Minister Kuipers fan Folkssûnens nimt dêroer takom wike in beslút.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 20 febrewaris 2022, 16:20
moandei 21 febrewaris 2022
19:00

We binne der moarn wer

Wy slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen en moarn melde wy ús wer.
snein 20 febrewaris 2022
16:19

RIVM meldt 1904 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 1904 nije coronabesmettingen registrearre troch it RIVM. It trochsneed tal besmettingen oer de ôfrûne sân dagen yn Fryslân leit no op 2.695. Sneon lei it op 2.896 besmettingen, in wike lyn op 5.678.
© ANP
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus.
Der binne 12 Friezen mei it coronafirus opnaam yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean (beide 3), Smallingerlân, Dantumadiel (beide 2), Súdwest-Fryslân en Achtkarspelen (beide 1)

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 36.448 . It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 49.722.
14:22

1546 coronapasjinten yn Nederlânske sikehûzen

Opnij is der in lytse delgong fan it tal coronapasjinten yn de sikehûzen te sjen. Op it stuit giet it om 1546 coronapasjinten, sa docht bliken út de sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Yn ferliking mei juster lizze der no 4 minder pasjinten mei COVID yn in sikehûs.
It Antonius Sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Op de ic's lizze no 168 covidpasjinten: 14 minder as in dei lyn. Der lizze 1378 coronapasjinten op de ferpleechôfdielingen. Dat binne der 10 mear as sneon.
Der kamen 123 nije coronapasjinten by op de ferpleechôfdielingen. Op de ic's gie it om 12 nije opnamen.
12:34

Test- en faksinaasjelokaasjes opnij earder ticht fanwegen hurde wyn

Guon test- en faksinaasjelokaasje geane snein earder ticht fanwegen de hurde wyn. It giet bygelyks om GGD Haaglanden en de lokaasje yn Almere. Dêr bart it prikken en testen yn in tinte.

Earder dizze wike giene in protte test- en faksinaasjelokaasjes earder ticht fanwegen de stoarmen Dudley en Eunice. Foar hjoed warskôget it KNMI opnij foar swiere wynpûsters. Yn de kustprovinsjes kin it yn de rin fan de dei gean om wynpûsters fan 70 oant 90 kilometer yn de oere, boppe lân kinne se 75 oant 100 kilometer yn de oere wêze.
11:42

1,8 miljoen coronatests op Olympyske Spelen, 437 positive útslaggen

Goed 1,8 miljoen coronatests op de Olympyske Spelen ha soarge foar 437 positive gefallen yn Peking. "Het systeem met een gesloten 'bubbel' was een groot succes", seit Thomas Bach, foarsitter fan it Internationaal Olympisch Comité (IOC).

De measte positive tests waarden dien op it fleanfjild fan Peking. Alle bûtenlânske dielnimmers, wêrûnder bygelyks sjoernalisten, moasten har teste. Op it fleanfjild gie it om 13.654 tests, dêr't 265 posityf fan wiene. Dizze minsken moasten yn isolaasje.
Dielnimmers oan de Spelen moasten dêrnei alle dagen in test dwaan; sadwaande kamen der letter noch 172 positive coronagefallen by.
© ANP
09:32

'Chef de mission' Verheijen oer Olympyske Spelen: 'strange coronabelied hat wurke'

Carl Verheijen is bliid dat de Nederlânske sportploech it coronafirus bûten de doar hâlde koe. "We hebben een streng beleid gehanteerd, vooraf en ook hier in China. Dat heeft wel voor wat stress gezorgd. Aan de andere kant merkten we wel dat het na vier of vijf dagen van iedereen afviel. Als Nederland zijn wij daar goed uitgesprongen en hebben we goed gepresteerd", seit de chef de mission fan TeamNL. "Ik ben heel blij en trots dat niemand van ons positief heeft getest."

Fan de 42 sporters fan Nederland gie der ien earder nei hûs: skyer Adriana Jelinkova. Yn jannewaris teste Jelinkova posityf en dat makke it foar har in drege tiid yn Sina. Se hearde pas let dat se de 'reuzeslalom' dwaan mocht, om't se noch hieltyd in krityske ct-wearde hie: de wearde dy't oanjout dat ien besmet is mei it coronafirus. Dat soarge by Jelinkova foar in soad stress; se gie dêrom earder nei hûs.