KNMI warskôget mei koade giel foar swiere wynpûsters; koade oranje yn Iselmargebiet
It KNMI warskôget mei koade giel foar swiere wynpûsters yn Fryslân; yn it Iselmargebiet giet it om koade oranje. Yn de rin fan snein hellet de wyn oan mei yn it Iselmargebiet wynstjitten fan 100 oant 120 kilometer yn de oere.
Foar Fryslân warskôget it KMNI mei koade giel: boppe lân kinne pûsters fan 75 oant 100 kilometer yn de oere foarkomme.
Koade oranje is fan krêft foar it Iselmargebiet en de kustprovinsjes Seelân, Súd-Hollân en Noard-Hollân.
Ferkear moat deromtinke
De ANWB en Rijkswaterstaat warskôgje foar lêst op de dyk troch wynpûsters en rein. Benammen jûns kin ferkear der lêst fan krije.
Ek moandei oerdei binne swiere wynstjitten mooglik.
By stoarm Eunice fan freed stie der oerenlang wynkrêft 10 en op guon plakken sels krêft 11.